Jan Krol (akteur)
akteur
Jan Krol as Bartje (1972)
Jan Krol as Bartje (1972)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne21 augustus 1962
berteplakDrouwen
stoarn15 jannewaris 2023
stjerplakHurderwyk
reg. identiteitDrinsk

Jan Krol (Drouwen, 21 augustus 1962Hurderwyk, 15 jannewaris 2023) wie in Nederlânske akteur en clown.

Karriêre

Krol waard bekend troch syn rol as de jonge Bartje yn de Nederlânske telefyzjesearje dy't fan desimber 1972 ôf troch de NCRV útstjoerd waard. Hy spile mei yn de earste fiif fan de sân ôfleveringen.

Nei de havo folge Krol de hbo-oplieding jeugdwelzenwerk yn Ljouwert. Nei syn oplieding gie er wurkjen yn in sintrum foar epilepsiebestriding en gie er dêrnei foar stúdzje nei Dútslân. Krol waard learaar yn Weimar, dêr't er skoalsirkus Waldorfschule opsette. Hy kaam werom nei Nederlân om in clownsoplieding te folgjen yn Amsterdam.

Krol rekke belutsen by de Stichting Anders Beleven (letter: Het Beter Gezelschap), dy't personiel yn de soarch 'sintúchlik prikelet' en by it yn 2001 oprjochte ynternasjonaal teäterselskip Sign Dance Collective. Krol wurke yn de soarch en wie aktyf as freelance akteur en clown. Teffens wied er dosint en regisseur by jeugdsirkus Blixem.[1]

Krol stoar yn de âldens fan 60 jier yn in hospice yn syn wenplak Hurderwyk oan de gefolgen fan in harsenstumor dy't yn desimber 2022 fêststeld wie.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.