Jan Kooistra (1959)
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJan Kooistra
nasjonaliteit Nederlânsk
berne15 febrewaris 1959
berteplakWâlterswâld (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurk
taalNederlânsk
sjenrepoëzij
prizenRely Jorritsmapriis 1995, 1996
(foar De Komst fan Romeo,
resp. De Dei fan de Gershipper)
jierren aktyf1981 – no
offisjele webside
gjint

Jan Kooistra (Wâlterswâld, 15 febrewaris 1959) is in Frysk dichter. Hy wennet yn Anloo (Drinte), mar is hikke en tein yn Wâlterswâld. Nei de middelbere skoalle folge er de oplieding foar ûnderwizer oan de Pedagogyske Akademy yn Dokkum. Nei dy oplieding studearre er Nederlânsk yn Ljouwert en Grins.

Kooistra waard yn 1980 wat bekend mei it gedicht 'Himpen yn de simmerreen' yn De striid om de gouden lier, in tf-útstjoering fan de finale fan it Nationaal Concours Zondagsdichters organisearre troch it CPNB om it hûndertjierrich bestean te fieren. De sjuery wie de Fryske taal net machtich en koe it gedicht net goed beoardiele. De 'winner fan de Fryske lânstreek' krige dêrom in earfolle fermelding.

Kooistra debutearre yn it literêre tydskrift Hjir dêr't er fan 1983 oant 1998 yn de redaksje siet. Hy publisearre fierder ûnder oare yn de Fryske Skriuwerskalinder, Operaesje Fers en Literair Akkoord. Sûnt 2018 is hy lid fan it Frysk dichterskollektyf Rixt en binne der gedichten fan him op dy webside te finen. Ek publisearret er noch yn it Fryske tydskrift Ensafh.

De gedichten yn syn earste bondels binne noch skreaun yn it Wâldfrysk. Letter skeakele Kooistra oer yn it standertfrysk. Syn gedichten binne meast klankryk en ritmysk en geane oer tema’s as leafde, langstme en minsklik tekoart, faak kombinearre mei de natuer en de seizoenen.

Bibliografy

  • 1981 : Ballads
  • 1984 : De Sulveren Apels fan de Moanne
  • 1992 : Dame fan myn Dagen
  • 1998 : Gershipper
  • 2014 : Blues fan 'e sângrûn

Prizen

  • 1995 : Rely Jorritsmapriis foar De Komst fan Romeo
  • 1996 : Rely Jorritsmapriis foar De Dei fan de Gershipper

Keppelingen om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.