Jongepier yn 1977

Jan Jongepier (Saandam, 26 febrewaris 1941 - Ljouwert, 31 july 2011) wie 25 jier organist yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert.

Jongepier hie namme as ymprovisator en oargeladviseur, sa as by restauraasjes, mar it leafst spile er yn in tsjerketsjinst: De gemeentezang begeleiden is fantastisch om te doen.

Biografy

Jongepier waard grutbroch yn in griffermearde húshâlding en krige oargelûnderrjocht fa syn heit, dy't sels learling west hie fan Cor Kee. Letter folge er lessen by Cor Kroonenberg. Oan it konservatorium fan Amsterdam studearre Jongepeir oargel by Piet Kee. Yn 1957 waard er oargelist op it trijeklaviersk Garrelsoargel fan de Grutte Tsjerke yn Purmerend. Hy wie doe noch mar 16 jier. Yn 1981 waard er oargelist fan de Grutte of Jakobinertsjerke yn Ljouwert, mei syn ferneamde trijeklavierske Müller-oargel. Dat die er oant 2007. Yn 2003 waard hy titulêr organist fan it Garrelsoargel yn Purmerend. Jongepier wie ferneamd om syn ymprovisaasjes. Hy wûn ferskate nasjonale en ynternasjonale prizen op lanlike en ynternasjonale wedstriden. Yn 2004 krige er de Sweelinckpriis fanwege syn bysûndere fertsjinsten foar it Nederlânske oargel.

Hy joech sels ek les; fan 1963 oant 1973 oan de Gemeentlike muzykskoalle Purmerend en fan 1972 oant 1992 wie er dosint oan it konservatoarium fan Ljouwert en oan it Prins Claus Konservatorium yn Grins. Hy wie saakkundige op it mêd fan oargelhistoarje en oargelbou, benammen wat Fryske oargels oanbelange. Hy hat ferskate boeken en in protte oare publikaasjes skreaun. Hy advisearre by goed 200 oargelrestauraasjes en nijbouprojekten.

Literatuer

  • Vijf eeuwen Friese Orgelbouw. Een schoone voorraad waarlyk - Friese Pers Boekerij, Ljouwert, 2004 - ISBN 90-33011-99-9
  • Het historische orgel in Nederland. Bd. 3: 1769–1790 - Nationaal Instituut voor de Orgelkunst, Amsterdam 1999 - ISBN 90-75473-05-2
  • Het historische orgel in Nederland. Bd. 4: 1790–1818 - Nationaal Instituut voor de Orgelkunst, Amsterdam 1999 - ISBN 90-75473-06-0
  • Orgellandschaft Niederlande - Musik & Kirche 72, 2002, s. 29–35
  • 75 jaar Flentrop Orgelbouw - Flentrop Orgelbouw, Saandaam, 1978
  • Frieslands Orgelpracht. Deel 1: 1500–1800 - Boeijenga, Snits, 1970
  • Het VanHagerbeer-Schnitger-Orgel in de Grote- of St. Laurenskerk te Alkmaar - Tsjerkfâdij Herfoarme Gemeente, Alkmaar, 1987 - ISBN 90-90016-62-7
  • Orgelbouwnieuws. Ingebruikname Cavaillé-Coll-orgel te Leeuwarden - Het Orgel bân 80 nûmer 11, 1984
  • Heinrich Hermann Freytag - Het Orgel bân 86, 1990 [1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Het Orgel bân 86, 1990
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.