Johannes Jacobus "Jan" van der Hoorn (Ter Aar, 30 septimber 1931 - dêre, 24 novimber 2016) wie in Alvestêderider út Ter Aar.
Op 14 febrewaris 1956 ried Jan foarop mei Jeen Nauta, Aad de Koning, Anton Verhoeven en Maus Wijnhout. Hja besleaten om tagelyk oer de streek te kommen. Fan it publyk krigen de fiif gjin applaus, ek al omdat tagelyk finisjen nei 1940 ferbean wie. It bestjoer hat him hjiroer lang berieden en besleat alle fiif te diskwalifisearjen as winners. Se krigen al it Alvestêdekrúske foar it útriden fan 'e tocht. Ek de nûmer seis, Jeen van den Berg, krige net de krânse en de ear, mar neffens Van der Hoorn wie dat omdat Van der Berg dat sels net woe.
Op 18 jannewaris 1963 ried Jan van der Hoorn de Alvestêdetocht wer, mar moast troch de swiere omstannichheden earder ophâlde. Nei 22 jier, op 21 febrewaris 1985 kaam Jan van der Hoorn te let binnen. Op de Kanterlânsbrêge tusken Gytsjerk en Lekkum (de tegeltsjebrêge) steat er net tusken alle tegeltjes.
Jan van der Hoorn krige letter in winkel yn redens en skeelers yn Ter Aar.
Sjoch ek
- Jan W. van der Hoorn, neef en de winner fan 'e Alvestêdetocht 1947.