Jan Folkert Broos (Huzum? 1913 - Beetstersweach, 18 oktober 1991) wie in histoarikus.
Fan 1927 oant 1933 hat er as ien fan de lêste wezen opnommen west yn it Tjallingaweeshûs. Broos is master yn de rjochten (mr.) en yngenieur (yr.). Broos hat twa boeken skreaun oer lokale skiednis. It iene boek hjit "Uit de geschiedenis van het dorp Arum" en is fan 1960. It oare boek is yn 1982 ferskynd by de Fryske Akademy en hjit: "Vier eeuwen Tjallinga weeshuis".
Bibliografy
- Vier eeuwen Tjallinga weeshuis. Fryske Akademy, Ljouwert 1982 (ISBN 90-6171-609-8)
- Uit de geschiedenis van het dorp Arum, Boalsert 1960
Boarne
- J.F. Broos, "Vier eeuwen Tjallinga weeshuis". Fryske Akademy, Ljouwert 1982 (ISBN 90-6171-609-8)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.