Jan (van) Bolhuis van Zeeburgh (Warffum, 11 jannewaris 1836 - De Haach, 18 oktober 1880) wie in Nederlânsk skiedkundige.
Biografy
Jan Bolhuis wie de tredde soan fan Pieter Dojes van Zeeburgh (Warffum, 26 maaie 1809 - Warffum, 18 febrewaris 1842) en Eilke Mennes Beukema (Niekerk, 3 jan. 1801 - Warffum, 29 maaie 1840). Sy wienen lânbouwers yn Warffum. Pake Doje Pieters van Zeeburgh (Uskwert, 1 july 1779 – Warffum, 12 april 1820) wie boargemaster fan Warffum.
Van Zeeburgh waard 15 septimber 1855 oan de Universiteit fan Grins ynskreaun by de fakulteit foar letteren en rjochten. Op 15 maart 1859 gie er nei de Universiteit fan Leien. Dêr promovearre hy op 2 juny 1870 yn de letteren mei in stúdzje nei de earste greven fan it Hollânske hûs.
Van Zeeburgh syn wurk Kritiek der Friesche geschiedschrijving (1873) wie paadsljochtsjend, in fernimstich-krytysk ûndersyk nei de wearde fan boarnen fan de Fryske skiednis. It boek, dat faaks te min wurdearring krigen hat, einiget midden yn in sin[1]
Begjin 1877 folge in oanstelling as tydlik amtner by de Keninklike Bibleteek. Dêr wurke er oan in katalogus fan de hânskriften dy't dêr bewarre waarden. Hy koe it wurk net dien meitsje fanwege ôfnimmende sûnens. Hy stoar op 18 oktober 1880.
Wurk
- Over de geschiedenis der eerste graven uit het Hollandsche huis, dissertaasje, Leien 1870, digitaal ta foldwaan fia books.google.com
- Kritiek der Friesche geschiedschrijving, 1e diel, (net foltôge), De Haach 1873, digitaal fia www.wumkes.nl
- Ferkate artikelen, ûnder oaren yn De Nederlandsche Spectator.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|