Jan Binnes, folút Jan Binnes de Boer (doopt 12 april 1744, Aldwâld - Ljouwert, 18 febrewaris 1797), wie ien fan de lieders fan it Kollumer Oproer.

Jan Binnes wie in boer út Aldwâld. Hy is lykwols ferneamd as ien fan de lieders fan it Kollumer Oproer op 3 febrewaris 1797. Yn de rin fan dy dei waard er dêrom oppakt. De twadde dei fan it oproer wie der ûnder oaren om begûn om Jan Binnes wer frij te krijen. Nei ôfrin fan it oproer waard Jan Binnes lykwols wer fêstset, en op 18 febrewaris waard er, sûnder in earlik proses, foar syn oandiel yn it trelit ta de deastraf feroardiele en deselde middei op de Brol yn Ljouwert ûnthalze.

Yn Aldwâld is oan de tsjerke in tinkstien oanbrocht ta syn neitins en is der in Jan Binneswei. Ek yn Surhústerfean is in strjitte, de Jan Binnesleane nei him ferneamd. Yn Kollum stiet by de brêge yn 'e Foarstrjitte in byld.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.