Jonkhear Jan Anne Lycklama à Nijeholt (Aldeboarn, 3 desimber 1809 - De Haach, 19 april 1891) wie in politikus. Yn syn wurk wie hy spesjalist yn wettersteat- en lânbousaken. Dêroer hat er ek inkele ferhannelingen skreaun.
Libbensrin
Jhr. Lycklama à Nijeholt wie in soan fan jhr. Tinco Martinus Lycklama a Nijeholt en Francina Johanna Blomkolk. Hy tsjinne fan syn achttjinde jier ôf by de marine. Hy ûnderskiede him by in skermutseling foar Biervliet op de Z.M. skip De Zeeuw. Nei in retoerreis nei Nederlânsk-Ynje op Z.M. fregat Algiers, ferliet hy yn 1835 as luitenant-op-see de marine. Hy troude op 21 jannewaris 1836 op De Sweach mei jonkfrou Ypkjen Hillegonda Van Eysinga (1815-1854), dochter fan jhr. Binnert Philip van Eysinga en Eritia Ena Romelia baronesse van Lynden. Tinco Martinus (de lettere samler en oriïntalist) wie harren earste bern, der soenen noch fiif efteroan komme, dêr't mar trije fan folkwoeksen waarden.
Yn 1837 waard hy lid fan de gemeenteried fan Opsterlân. Dêrnei waard hy yn 1839 wethâlder fan dizze gemeente, in funksje dy't earst assessor en nei 1851 offisjeel wethâlder neamd waard. Fan 1853 - 1865 wie hy boargemaster fan Opsterlân. Dêrneist wie hy yn twa perioades, fan 1841 - 1862 en fan 1865 - 1886 lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân. Hy hâlde him op provinsjaal nivo mei wettersteatssaken dwaande. Hy skreau yn 1869 de Verbetering van Frieslands Watertoestand: beschouwingen over de beginselen en middelen, welke ten aanzien der afstrooming van het boezemwater dezer provincie vroeger bestonden, thans bestaan en nog gevolgd behoorden te worden, ten einde het, zooveel mogelijk, duurzaam meester te zijn. Hy wie folmacchtige fan it wetterskip de Sân Gritenijen en stêd Sleat. Dêrneist wie hy ek sûnt 1850 administrearjend kommitearre fan de Opsterlânske Feankompanjy.
Lycklamahûs yn Beetstersweach
Troch erfenis fan har âldtante krige syn frou in wenning oan de Haadstrjitte fan Beetstersweach. Syn frou ferstoar yn 1854. Lycklama à Nijeholt liet it hûs in 1858 fergrutsje troch der in ferdjipping op te setten. Nei syn ferstjerren yn 1891 erfde syn dochter frelle Eritia Ena Romelia Lycklama à Nijeholt dizze wenning. Yn 1971 kaam it pân, sûnt 1917 it Lycklamahûs neamd, yn it besit fan de gemeente Opsterlân. Sûnt dy tiid is it gebou brûkt as gemeentehûs fan dizze gemeente. It hûs is erkend as ryksmonumint. Syn soan Augustinus liet yn 1867 yn de omjouwing fan it âldershûs yn Beetstersweach in hearehûs op it lângoed Lauswolt sette, mar ferkocht dit wer yn 1878.
De Alde Bosk
Lycklama à Nijeholt hie ûnder mear grutte kompleksen heide en bosken om Duerswâld hinne. Dêr hearden ûnder oare d'Alde Bosk by, dat diels bedoeld wie as produksjebosk en diels foar rekreaasje. De yn dit bosk oanleine "Frellefiver" herinnert oan syn dochter Eritia Ena Romelia.
Bibliografy
- Verbetering van Frieslands Watertoestand, útjouwerij Eekhoff, Ljouwert, 1869
- Frieslands Waterstaat en Landbouw, útjouwerij Ljouwert, 1871
- Beschouwingen over het verbod van subsidie aan bijzondere scholen en de verpligte schoolgeldheffing, útjouwerij Van Stockum & Zoon, De Haach, 1877
- Vrijmoedige beoordeeling van de "Bijdragen tot de geneeskundige plaatsbeschrijving van Nederland, 2e stuk: Natuurkundige plaatsbeschrijving van de provincie Friesland, 1872, útjouwerij Eekhoff, Ljouwert, 1879
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|