James Boswell, skildere troch Joshua Reynolds 1785
James Boswell, skildere troch George Willison 1765
In literêr soirée by Reynolds yn 1781. Fan l. nei rj.: Boswell, Johnson, Reynolds, Garrick, Burke, Paoli, Burney, Thomas Warton, Goldsmith

James Boswell, 9de Laird van Auchinleck (Edinburgh, 29 oktober 1740 - Londen, 19 maaie 1795) wie in Skotsk abbekaat en skriuwer fan reisferhalen en deiboeken, dy't no lykwols fral noch bekend is fan syn biografy en masterwurk The Life of Samuel Johnson.

Biografy

Boswell wie dde âldste soan fan abbekaat en lettere rjochter Alexander Boswell, Lord Auchinleck, en urf letter syn heite Auchinleck House ûnder Ochiltree yn Ayrshire. Hy krige ûnderrjocht fan in privee-learaar. Hy studearre yn Edinboarch (oant yn 1753, Glasgow (ûnder oaren by Adam Smith) en Utert. (Syn oerbeppe wie in suster fan Cornelis van Aerssen van Sommelsdijck). As studint ferdjippe er him yn it teaterlibben, froulju, it leger en religy. Al mei jonge jierren skreau er gedichten en toanielstikken. Yn Londen krige er yn maaie 1763 kunde oan de skriuwer Samuel Johnson; rillegau waarden it goede freonen. Under syn stúdzje rjochten oan de Universiteit fan Utert, yn 1763-1764, moete er Belle van Zuylen faak en rekke fereale op har. Boswell makke yn 1764 syn Grand Tour; hy reizge nei Dútslân, Switserlân, Itaalje, Frankryk en moete dêr Voltaire, Jean-Jacques Rousseau, John Wilkes en Pasquale Paoli, de heit fan it nasjonalisme op Korsika. Boswell beskriuwt it eilân as in natuerlik paradys, en Paoli yn syn striid tsjin tiranny as in mytyske held. Ek letter stipe er de frijheidsstriid fan de Korsikanen, bygelyks yn 1768 by de Frânske ynfal fan it eilân.

Beselskippe fan de frou fan Rousseau reizge er yn 1766 werom nei Ingelân en waard abbekaat yn Edinboarch. Yn dy tiid gie er gereldwei nei Londen om dêr diel te nimmen oan it literêre libben om Samuel Johnson hinne. Yn Edinboarch wie er befreone mei David Hume. Twa jier letter waard it boek An Account of Corsica publisearre wat ferneamd makke. Yn 1769 boaske er oan syn nicht Margaret Montgomery by wa't er fjouwer soannen en trije dochters krige. Yn 1773 makke er de ferneamde reis nei de Hebriden mei Dr. Johnson, dy't er beskreaun hat yn Journal of a Tour to the Hebrides (1785). Yn 1782 stoar syn heit en waard er de 9e Laird of Auchinleck. Nei it ferstjerren fan Samuel Johnson yn 1784 ferfear er nei Londen, mar hie dêr net folle súkses as abbekaat. Ek syn stribjen nei in sit yn it parlemint, it Legerhûs, rûn op 'e non meidat syn kandidatuer te min stipe krige.

Nei de dea fan syn frou oan tuberkuloaze yn 1789 rekke er oan de drank. Troch jildkrapte twong - hy hie in twadde hûs yn Londen, in sosjaal libben yn clubs, djoere opfieding fan syn bern, gokken - skreau er yn 1791 syn masterwurk, de biografy The Life of Samuel Johnson. Hy waard dat jier ek sekretaris fan de Royal Academy, in earepost, dy't him by steat stelde syn sosjale libben fuort te setten.

Wurken

In kar:

Publisearre deiboeken

Kaart fan Korsika, 1768
  • London Journal/Boswell's London Journal, 1762-1763
  • Boswell in Holland, 1763-1764, including his correspondence with Belle de Zuylen (ZeÌlide)
  • Boswell on the Grand Tour: Germany and Switzerland, 1764
  • Boswell on the Grand Tour: Italy, Corsica, and France, 1765-1766
  • Boswell in Search of a Wife, 1766-1769
  • Boswell for the Defence, 1769-1774
  • Boswell: the Ominous Years, 1774-1776
  • Boswell in Extremes, 1776-1778
  • Boswell: Laird of Auchinleck 1778-1782
  • Boswell, the Applause of the Jury, 1782-1785
  • Boswell, the English Experiment, 1785-1789
  • Boswell: The Great Biographer, 1789-1795

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Verwey, G. (1987) Boswell. De geniale dagboekschrijver.
  • Oosthoek Geïllustreerde Encyclopaedie (1917)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.