De James is in rivier yn it noardeasten fan de Feriene Steaten, yn de steat Firginia. De rivier is ferneamd nei de Ingelske kening James I. Tegearre mei de Jackson hat de James in lingte fan 660 km. It streamgebiet beslacht 27.020 km², in gebiet dêr't sa'n 2.5 miljoen minsken wenje (2000). It is de tolfde rivier nei grutte yn de Feriene Steaten en hy rint mar troch ien steat.
De rivier James ûntspringt yn de Allegheny Bergen, yn de omkriten fan Iron Gate, op de grins tusken de counties Alleghany en Botetourt, troch de gearrin fan de rivieren Cowpasture en Jackson en mûnet by Hampton Roads yn de Chesapeakebaai.
Keppelings om utens
- (in) Chesapeake Bay Program Watershed Profile: James River
- (in) Heritage of the James River, troch Ann Woodlief op it James River Symposium, 1995
- (in) James River Association
- (in) De James yn de Boargerkriich yn Encyclopedia Virginia
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory James River, Virginia fan Wikimedia Commons. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.