Jada Stevens
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Jade Stevens, Jacia Stevens
echte nammeCandace Jackson
nasjonaliteit Amerikaansk
berne4 july 1988
berteplakSnelville (Georgia)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf2008 – no
offisjele webside
clubjadastevens.com

Jada Stevens, echte namme: Candace Jackson (Snelville (Georgia), 4 july 1988), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Jade Stevens en Jacia Stevens. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m, mei in gewicht fan 52 kg.

Libben en karriêre

Jada Stevens waard yn 1988 berne yn it stedsje Snelville, yn 'e steat Georgia. Mei njoggentjin jier sette hja útein mei te wurkjen as stripper yn in stripklub yn Atlanta. Har debút yn in pornografyske film makke se yn it foarjier fan 2008.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn mear as twahûndert pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Vivid Entertainment, Evil Angel, Jules Jordan Video, Elegant Angel, Pure Play Media, Zero Tolerance, New Sensations, Digital Playground, Hustler Video, Third Degree Films, West Coast Productions, Red Light District, Seymore Butts Home Movies en Shane's World. Teffens hat se in protte wurke foar pornosites as Brazzers en Kink.com. Yn 2013 ferskynde se yn 'e webshow Fresh Off the Boat, fan Vice Magazine, wêryn't se mei gasthear Eddie Huang in rûnreis troch Miami makke mei de klam op iten en pornografy.

Yn 2010 feroare Stevens har foarkommen fan blondine ta brunette. Hja hat har spesjalisearre yn anale en ynterrasiale pornografy. Se seit in grutte fan te wêzen fan hiphopmuzyk. Yn 2012 wûn se in AVN Award (de Oskar fan 'e pornoyndustry) foar de bêste triosekssêne mei twa froulju en in man. Fierders hat se 7 kear nominearre west foar in AVN Award.

Prizen en nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2012 AVN Award nominearre bêste POV-sekssêne (mei Mick Blue) Anal Workout
nominearre bêste triosekssêne f/m/m (mei Toni Ribas en Mark Wood) What the Fuck! Big Tits, Bitches & Ass!
wûn bêste triosekssêne f/f/m (mei Kristina Rose en Nacho Vidal) Ass Worship 13
Urban X Award wûn ynterrasiale stjer fan it jier n.f.t.
2013 AVN Award nominearre bêste opfiering fan in striptiis (mei Anikka Albrite) Jada Stevens Is Buttwoman
nominearre bêste POV-sekssêne (mei Kevin Moore) Tanlines
nominearre bêste anale sekssêne (mei Mick Blue) Big Wet Asses 20
nominearre bêste triosekssêne f/f/m (mei Anikka Albrite en Erik Everhard) Jada Stevens Is Buttwoman
nominearre bêste presintaasje fan in pornostjer Jada Stevens Is Buttwoman
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
XCritic Fans Choice Award wûn artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre orgastysk oraliste n.f.t.
nominearre orgastysk analiste n.f.t.
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
2014 AVN Award nominearre bêste POV-sekssêne (mei Kevin Moore) The Hooker Experience
nominearre bêste triosekssêne f/f/m (mei Remy Lacroix en Mr. Pete) Anal Corruption
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Prince Yahshua en Lexington Steele) Lex Turns Evil
nominearre bêste groepsekssêne (mei Julius Ceazher, James Deen, Erik Everhard, Jon Jon,
Ramon Nomar, Mr. Pete, Prince Yahshua en John Strong)
Gangbanged 5
nominearre meast seksy kont (publykspriis) n.f.t.
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
Xbiz Award wûn bêste sêne yn in fynjetpublikaasje (mei Kevin Moore) The Hooker Experience
XRCO Award nominearre superslet n.f.t.
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wûn orgastysk analiste n.f.t.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.