Jada Fire
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Jada Fyre, Jada Fires
echte nammeTenisha Roberta Myles
nasjonaliteit Amerikaansk
berne1 septimber 1976
berteplakLos Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, pornoaktrise
escort
jierren aktyf19982012
offisjele webside
www.jadafirexposed.com

Jada Fire, echte namme Tenisha Roberta Myles (Los Angeles, 1 septimber 1976), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise en prostituee fan Afro-Amerikaansk komôf, wa har artystenamme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Jada Fyre of Jada Fires.

Libben en karriêre

Jada Fire waard berne en groeide op yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, en kaam foar it earst mei de pornoyndustry yn kontakt troch har wurk by in tillefoanseksline. Hoewol't se yn 1998 al meispile yn har earste pornofilm, sette se pas yn 2003 útein mei in serieuze karriêre as pornoaktrise.

Yn 2008 krige se bekendheid by in breder publyk mei har rol fan "Condi" (in parody op 'e doetiidske Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken Condoleezza Rice), yn 'e Hustler-produksje Who's Nailin' Paylin? (mei Lisa Ann as Serra Paylin, in parody op 'e doetiidske Republikeinske fise-presidintskandidate Sarah Palin). Op 11 jannewaris 2011 hie se in koart kaméoroltsje yn 'e ôflevering Punching Water fan 'e Amerikaanske tillefyzjesearje Southland, as de freondinne fan in bindelid dy't by in hûssiking troch de plysje wekker makke wurdt. Op 2 febrewaris 2012 kundige se oan dat se de pornoyndustry de rêch ta keare soe. Tsjin dy tiid hie se yn teminsten 382 pornografyske films spile.

Prizen en nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2005 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (fideo) (mei Katja Kassin, Rio Mariah en Mark Davis) Sex Shooter V
2007 AVN Award wûn bêste anale sekssêne Manhunters
2009 Urban X Award wûn bêste anale artyste n.f.t.
2010 XRCO Award takend lidmaatskip XRCO Hall of Fame n.f.t.
2011 AVN Award takend lidmaatskip AVN Hall of Fame n.f.t.
Urban X Award wûn bêste anale artyste n.f.t.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.