Jacques Herb
sjonger en/of muzikant
Herb yn 2005
Herb yn 2005
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJacques van Herp
nasjonaliteit Nederlânsk
berne28 maaie 1946
berteplakRotterdam
wurkpaad
sjongtaalNederlânsk
grutste hit(s)Manuela
jierren aktyf1970-no
offisjele webside
www.jacquesherb.nl
IMDb-profyl

Jacques Herb, pseudonym fan Jacques van Herp, (Rotterdam, 28 maaie 1946), is in Nederlânske sjonger.

Libben en wurk

De sjonger Jacques Herb waard yn Rotterdam berne. Hy wie de jongste út in húshâlding fan trettjin bern. Amper fyftjin jier âld meunstere hy oan by de "wylde feart" en liet yn de ferskate seehavens syn talint as sjonger al hearre. Hy begelate himsels dêrby op syn gitaar. Yn 1970 waard er troch Pierre Kartner ûntdutsen by in talintejacht yn Scheveningen.

Trochbraak

Yn 1970 wûn Herb mei it nûmer De toreador (o, o, signorita) dat er sels skreau in talintejacht yn Scheveningen. Dy waard troch de AVRO op telefyzje útstjoerd. Sadwaande krige er kontakt mei Pierre Kartner dy't dêrnei foar him it nûmer Manuela bewurke, wêrmei't Herb in enoarme hit skoarde. It nûmer Maar een Man mag niet huilen wie ek noch goed foar 80.000 singles. Dêrnei krige Herb noch in pear lytse hits. Yn 1991 hie Herb in rol yn de film fan Paul Ruven, De Tranen Van Maria Marchita. Yn 2005 die Herb mei oan de reality-searje Bobo's in the Bush, dêryn waard er achtste.

Yn 2002 is Herb beneamd ta lid fan de Oarder fan Oranje-Nassau.

Op 22 april 2009 tekene er by VNC-produksjes út Zundert in platekontrakt foar it libben. Yn juny 2009 brocht Jacques Herb it nûmer Ik heb de zomer meegebracht út. Yn 2019 wie Herb gastartyst by de konserten fan De Toppers yn de Johan Cruijff ArenA. Yn 2022 ferskynde er yn in ôflevering fan it telefyzjeprogramma Secret Duets.

Trivia

De hit Manuela soarge foar populariteit fan dy foarnamme. Yn 1970 waarden der noch 143 famkes mei de namme Manuela berne. Yn 1971 wiene dat der 327. Dêrnei naam de populariteit fan de foarnamme wer ôf.

Diskografy

Sjoch nl:Jacques Herb#Discografie

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.