De Fransiskustsjerke dêr't Canter Visscher preke, wie de earste kristlike tsjerke yn Yndia, stichte 1503. Vasco da Gama waard dêr beïerdige. De tsjerke waard yn 1662 oernaam troch Nederlanners en is yn 1779 renovearre

Jacobus Canter Visscher (Dokkum, 10 desimber 1692 - Batavia, 28 desimber 1735) wie in soan fan in dokter út Dokkum, in arminiaan, en learaar oan de Latynske skoalle yn Harns.

Biografy

Jacobus studearre oan de Universiteit fan Frjentsjer en Leien. Yn 1715 die er predikantseksamen yn Schiedam om útstjoerd te wurden nei de East. Hy sette ôf út Westvoorn wei, reizge oer Kaap de Goeie Hope nei Batavia en besocht Padang, op de westkust fan Sumatra, dêr't er ferskate ierdskoddings meimakke.

Canter Visscher arrivearre yn 1717 yn Cochin, op de Malabarkust, no Kerala. De Nederlanners fierden dêr oarloch tsjin de samoryn fan Kalikut. Yn de Fransiskustsjerke fan de VOC-festing dêre soe er seis jier as predikant stean. De gemeente hie 46 lidmaten. Canter Visscher learde himsels Portugeesk.

Yndertiid wennen dêr sa'n 2.000 minsken; de helte wie slaaf. De huzen wien boud fan lateryt. Canter Visscher beskreau brahmanen en de neifolgers fan Sint Tomas. In hiele protte minsken hiene te lijen fan elefantiasis.

Kust fan Kerala

Jan Huygen fan Linschoten wie de earste Nederlanner dy't Cochin besocht. Syn opfolgers wiene Rijklof fan Goens en Hindrik Adriaan fan Rheede oant Drakenstein, in bekend botanikus en skriuwer fan de Malabaarsche Cruythof.

It lânskip dêre like op it Nederlânske, egaal en sompich, mar mei kokospalmen. De measte kokosmatten, piper, kardemom, gielwoartel en sisaltou komme út dy kriten.

Canter Visscher hie in soad niget oan de Malabaarske kultuer, dêr't er 37 brieven oer oan syn âlden yn Harns skreau, mar ek keaplju, bankiers, militêren en wittenskippers hiene syn omtinken. It libben yn Cochin wie los, frij en fier fan it tafersjoch fan de tsjerkeried fan Batavia. Yn 1724 ferfear er nei Batavia en krige in oanstelling by de Portugeeske gemeente om de Mardikers te betsjinjen.

Nei syn ferstjerren waarden de ôfskriften fan syn brieven troch syn twa soannen nei Nederlân oerbrocht, dêr't se 1743 útjûn waarden troch harren omke Cornelis, predikant yn Penjum. 2008 binne de brieven yn hjoeddeisk Nederlânsk publisearre. Yn 1862 ferskynde in Ingelske oersetting en 2005 is der ek in fertaling yn it Malayalam útjûn.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bauke van der Pol, Mallabaarse Brieven. De brieven van de Friese predikant Jacobus Canter Visscher (1717-1723) (Sutfen, 2008)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.