Jacob Algera (Wurdum, 28 maart 1902 — De Haach, 8 desimber 1966) wie in jurist en politikus.
Nei in juridyske stúdzje yn Grins waard hy amtner by de provinsjale griffy en de Provinsjale Bibleteek oant 1937. Sûnt 1937 waard hy lid fan de Twadde Keamer foar de AR. Fan 1935-1945 wie Algera lid fan de gemeenterie fan Ljouwert, yn 1945 en 1946 waarnimmend boargemaster en tusken 1946-1952 lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân. Sûnt 2 oktober 1952 wie hy minster fan Ferkear en Wettersteat. De brêge by Krimpen aan den IJssel by de stoarmfloedkearing is nei him neamd. Yn Wurdum is in strjitte nei him ferneamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.