J. Steven York | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | J. Steven York | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1957 | |
berteplak | ? (Alabama) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | SF en fantasy | |
bekendste wurk(en) | Generation X: Crossroads Anok, Heretic of Stygia-trilogy | |
útjouwer | Ace Books | |
jierren aktyf | 1989 – no | |
offisjele webside | ||
www.yorkwriters.com |
J. Steven York (Alabama, 1957) is in Amerikaansk skriuwer fan benammen romans, dy't ta de sjenres fan 'e science fiction en de fantasy hearre. Hy hat û.m. bydroegen oan searjes dy't troch ferskate auteurs skreaun wurde, wêrûnder BattleTech en Star Trek. Syn frou Christina F. York is ek in auteur.
Libben
York waard yn 1957 berne op it plattelân fan 'e súdlike Amerikaanske steat Alabama. Fan bern ôf oan hied er grutte belangstelling foar romtefeart, en dat late ta in foarleafde foar science fiction-boeken. Letter kaam dêr it besibbe sjenre fan 'e fantasy noch by. Meitiid begûn er sels ferhalen te skriuwen, mar syn earste profesjonele skriuwwurk wie in non-fiksje-artikel oer eigenoptochte fiertugen foar science fiction-films, skreaun yn gearwurking mei syn skoalmaat Gordon B. McComb, dat er ferkocht oan it tydskrift Science & Mechanics. Hoewol't York neitiid jierrenlang de kost fertsjinne mei it skriuwen fan artikels en resinsjes foar in ferskaat oan tydskriften, liet syn jongesdream om science fiction-ferhalen te skriuwen, him nea los.
Uteinlik sette er útein mei it skriuwen fan koarte ferhalen, en yn 1989 waard it earste dêrfan, mei de titel Starbird, publisearre yn in blomlêzing mei wurk fan oaren. Letter publisearre er mear koart fiksje yn tydskriften as Analog Science Fiction and Fact en The Magazine of Fantasy and Science Fiction. Troch syn publikaasjes krige York gedoente mei Pulphouse Publishing, in útjouwerij dy't him spesjalisearre op it mêd fan koarte fiksje. Tegearre mei syn frou Christina F. York wied er foar dat bedriuw fan dy tiid ôf ferskate jierren wurksum as redakteur fan The Report, in non-fiksje-tydskrift oer skriuwen, oant it úteinlik tagelyk mei Pulphouse Publishing opdoekt waard.
Yn dyselde snuorje begûn York te wurkjen foar Dynamix (dat letter opgien is yn Sierra Entertainment), in kompjûterspultsjesprodusint út Eugene yn Oregon, earst as technysk skriuwer foar it meitsjen fan koarte beskriuwings fan game tools, en letter as kreätyf skriuwer foar eftergrûnen by kompjûterspultsjes. By it spultsje Outpost 2: Divided Destiny, út 1997, wie op 'e cd-rom behalven it spul sels en ek in proazawurk fan romanlingte skreaun troch York tafoege, mei as titel Divided Destiny. Nettsjinsteande de ûnkonvinsjonele foarm soe dat beskôge wurde kinne as York syn earste roman.
Doe't er úteinlik gewoane romans begûn te skriuwen, waard York it bekendst mei syn bydragen oan searjes dy't út it wurk fan ferskate auteurs gearstald binne. Sa borduere syn earste roman, Generation X: Crossroads, dy't yn 1998 troch Ace Books op 'e merk brocht waard, fuort op 'e superheldestrips fan Marvel. York skreau dêr ek noch in ferfolch op, Generation X: Genogoths, dat yn 2000 útkaam. Fierders hat er twa boeken fan 'e BattleTech-rige skreaun en ek twa fan 'e Star Trek-searje. Fierders publisearre er yn 2005 by Ace Books de Anok, Heretic of Stygia-trilogy, besteande út Scion of the Serpent, Heretic of Set en The Venom of Luxor, dy't spilet yn 'e klassike fantasywrâld fan Conan de Barbaar, dy't betocht is troch Robert E. Howard. York wennet mei syn frou Christina oan 'e Amerikaanske westkust yn 'e steat Oregon.
Wurk
Romans
- bydragen oan searjes fan ferskate auteurs
- Generation X-rige
- 1998 – Generation X: Crossroads
- 2000 – Generation X: Genogoths
- Star Trek-rige
- Star Trek: Starfleet Engineering Corp-rige
- 2002 – #20: Enigma Ship (mei Christina F. York)
- 2010 – #46: Spin (mei Christina F. York)
- Star Trek: S.C.E. Omnibus-rige
- 2006 – # 6: Wildfire (mei Keith R.A. DeCandido, David Mack en Christina F. York)
- Star Trek: The Next Generation-rige
- 2007 – A Sea of Troubles (mei Christina F. York)
- Star Trek: Starfleet Engineering Corp-rige
- Bolo-rige
- 2002 – Cold Steel
- BattleTech: Mechwarrior Dark Age-rige
- 2004 – # 8: Fortress of Lies
- 2006 – #20: Trial by Chaos
- eigen romans en searjes
- Anok, Heretic of Stygia (op harsels steand binnen de Age of Conan-wrâld)
- 2005 – Scion of the Serpent
- 2005 – Heretic of Set
- 2005 – The Venom of Luxor
- Panorama Beach Mysteries
- 2011 – The Best Devil Money Can Buy
- 2012 – A Breath Away From Dying
- 2013 – Two Bad Days of Summer
- novellen
- 2010 – DeadRingers
- 2011 – A Holiday Explained
- 2011 – One Foot in the Grave
- 2011 – The Unwinding of Liberty Brass: Tales of the Clockwork Cowboy
- 2011 – Walking the Virtch
- 2011 – Boldly Reimagined!
- 2012 – The Steam Man's Plantation: Tales of the Clockwork Cowboy
- koarte ferhalen
- 1989 – Starbird
- 1995 – Hunter's Dawn
- 2022 – Uncollected Anthology (blomlêzing; mei oare auteurs)
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side. |