J.J. Peereboom
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJohn James Peereboom
nasjonaliteit Nederlânsk
berne14 novimber 1924
berteplakLonden
stoarn27 maart 2010
stjerplakAmsterdam
wurkpaad
berop/amtsjoernalist,
skriuwer,
anglist

J.J. (John James) Peereboom (Londen, 14 novimber 1924Amsterdam, 27 maart 2010[1]) wie in Nederlânsk sjoernalist en skriuwer. Hy wie ek anglist oan de Universiteit fan Amsterdam.

Peereboom hold fiif jier as korrespondint yn Parys ta en siet fan 1958 oant 1971 yn Londen. Peereboom waard bekend mei syn boekbesprekken en artikelen yn Het Parool, NRC Handelsblad (dêr't er goed fyftich jier oan ferbûn wie), Hollands Maandblad en Litterair Paspoort. Fierders skreau er twa bot priizge deiboeken, Ik ben niets veranderd (1978) en Vraag niet waarom (1988), dy't beide yn de rige Privé-domein ferskynden.

Wurk

  • Ik ben niets veranderd (1978)
  • De gravin van Loosdrecht, en andere verhalen (1979)
  • Fielding practice (1984)
  • Honkman's reizen (1985)
  • Een man aan de deur (1987)
  • Vraag niet waarom (1988)
  • Andere mensen (1989)
  • Links en rechts (1992)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Overlijdensbericht NRC Handelsblad 29 maart 2010, s. 1 en s. 10

Keppelings om utens
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.