Izjevsk | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Ruslân |
Autonome republyk | Oedmoersje |
Gemeente | Stedsdistrikt |
Sifers | |
Ynwennertal | 645.183 (2022) |
Oerflak | 315,15 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 2.047,23 ynw./km² |
Hichte | 140 m |
Oar | |
Stifting | 1760 |
Tiidsône | UTC+4 |
Koördinaten | 56° 51' N 53° 13' E |
Webside | www.izh.ru |
Izjevsk (Russysk: Ижевск) is in stêd oan de rivier de Izj (in sydrivier fan de Kama) yn de autonome republk Oedmoersje yn Ruslân. De stêd hiet fan 1984 oant 1987 'Oestinov' (Устинов, Ustinov) en is it kulturele hert fan de republyk. Izjevsk telt twa universteiten, hegeskoallen, musea en teäters.
Skiednis
It plak ûntstie yn 1760 ûnder de namme 'Izjevski Zavod' (Ижевский завод) as in delsetting fan de wurknimmers fan in izerfabryk mei deselde namme. Foar it izerfabryk wie de rivier de Izj fan grut belang en om't wetterkrêft foar de izerproduksje nedich wie, waard in daam lein, sadat de Opslachmar fan Izjevsk ûnstie.
Rebellen fan Jemeljan Pûgatsjov besetten yn 1774 de stêd en fernielden it fabryk. Yn 1807 waard troch tsaar Aleksander I besletten in wapenfabryk te bouwen by it yn 1775 wer iepene izerfabryk. Noch yn itselde jier sette de bou fan in haadgebou fan it fabryk neffens plannen fan de arsjitekt Sergei Dûdin útein. Om sa gau mooglik in goed rinnende fabryk te krijen waarden foar dat doel faklju út Denemark, Dútslân en Sweden en mynbouwers út de Oeral oanlutsen. It izerfabryk en it wapenfabryk waarden yn 1884 nasjonalisearre en dêrnjonken waarden tagelyk noch ferskillende partikuliere wapenfabriken stifte.
De stêd wie yn 1918 in plak dêr in opstân ûntstie fan in ferbûn fan mensjewiken, sosjaal-revolúsjonêren en in lokaal ferbân tsjin it hearskjende bolsjewisme. It late ta in machtswikseling yn augustus 1918, mar al yn novimber dat jier krige de bolsjewiken mei help fan it Reade leger de stêd wer yn hannen.
Sûnt 1921 is Izjevsk de haadstêd fan de republyk Oedmoersje (dy't ynearsten de namme 'Votjaakske Autonome Oblast' krige). Fan 1926 oant 1939 fertrijefâldige de befolking him troch de yndustrialisaasjepolityk yn it ramt fan it Fiifjierreplan.
Yn de hjerst fan 1941 yn de Twadde Wrâldkriich ferhûze in diel fan de wapenyndustry yn de frontgebieten nei Izjevsk. Dêr waarden yn dy tiid miljoenen wapens yn it fabryk IzjMech produsearre, dy't letter troch Michail Kalasjnikov bekend waard om syn AK-47.
De partijleiders doopten de stêd yn 1984 om yn 'Oestinov', in ferneaming nei Dmitri Oestinov, dy't jierren in wichtige rol spile yn de lokale wapenyndustry. Mar nei protesten krige de stêd yn 1987 de âlde namme werom.
Ekonomy
Noch jimmeroan binne de wapenfabriken in belangrike wurkjouwers. De Izjmazj-fabriken, dy't yn de Twadde Wrâldkriich út dielen fan fabriken út it westen boud waarden, binne de grutste en produsearje njonken lytsere wapens ek auto's.
It besjen wurdich
- Aleksander Nevskikatedraal
- Michaelkatedraal
- De 350 meter lange wapenfabryk fan de stêd (tsjintwurdich regearingsgebou fan de republyk)
- De Tataarske wyk mei in moskee en in soad tradisjonele houten hûzen, dy't lykwols stadichoan troch moderne hûzen ferfongen wurde.
- Nasjonaal museum fan de Republyk Oedmoersje
Wat bûten de stêd leit by it doarp Lûdorvai it iepenlofmuseum mei lokale houten arsjitektuer.
Oars
Yn Izjevsk is ek it ferneamde AK-47-gewear ûntwurpen troch Michail Kalasjnikov.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Izjevsk
|