Ivanovo oblast

Ивановская область

flagge wapen
polityk
soarte gebietOblast
lân Ruslân
federaal distriktSintraal
ekonomyske regioSintraal
haadplakIvanovo
grutste plakIvanovo
taalRussysk
sifers
ynwennertal976.918 (2022)
oerflak21.437 km²
befolkingstichtens45,57 ynw./km²
Etnyske groepenRussen (90,63 %)
Oekraïners (0,72 %), Tataren (0,63 %)
stân 2010
oar
stifting1936
tiidsôneUTC +3
koördinaten57° 03' N 41° 24' E
websideivadm.ivanovo.ru

De oblast Ivanovo (Russysk: Ивановская область; Ivanovskaja oblast) is in oblast yn it Europeeske diel fan Ruslân.

Skiednis

De oblast is ien fan de gebieten dy't it langst troch Russen bewenne wurdt en in pear stêden datearje út de tiid fan de 13e iuw.

Yn 1929 ûnstie de folle gruttere yndustry-oblast Ivanovo. Dy oblast waard yn 1936 opdield yn de oblasten Jaroslavl en Ivanovo. Yn 1944 waarden fan de oblast Ivanovo nochris dielen ôfskuord foar de stifting fan de nije oblasten Kostroma en Vladimir.

Geografy

De oblast leit likernôch 300 kilometer noardlik fan de haadstêd Moskou tusken de Wolga en de Kljazma yn it sintrale diel fan de Easteuropeeske Leechflakte. Yn de oblast streame likernôch 1.700 rivieren en rivierkes en der binne mear as 150 marren.

Ekonomy

De oblast is relatyf earm. Oan it begjin fan de 19e iuw ûnstiene der tekstylfabriken, wêryn't de regio in liedende rol spile. Dêrom wurdt Ivanovo ek wol ferlike mei de Ingelske tekstylsintra Manchester en Liverpool. Noch jimmeroan is de tekstylyndustry wichtich foar de ekonomy, mar dêrnjonken is der ek in soad masjinebou en gemyske yndustry.

Bestjoersyndieling en stêden

De oblast Ivanovo is ûnderferdield yn 21 rajons en 6 stedsdistrikten. De grutste stêd is it bestjoerssintrum Ivanovo. Meiïnoar binne der yn de oblast 17 stêden en 13 plakken mei in stedsk karakter.

Grutste stêden
Namme Russysk Ynwenners (2022) [1] Wapen Lokaasje
IvanovoИваново399.98356° 59' N 40° 58' E
KinesjmaКинешма79.93657° 27' N 42° 09' E
SjûjaШуя56.04156° 51' N 41° 22' E
VitsjûgaВичуга32.97157° 12' N 41° 55' E
FûrmanovФурманов32.85557° 15' N 41° 06' E
TeikovoТейково31.62356° 51' N 40° 33' E

Befolkingsûntwikkeling

Jier19261939195919701979198920022022
Befolking1.195.8042.649.4291.322.1521.339.1101.323.8521.313.6271.148.329976.918

Klimaat

It klimaat fan de oblast is tuskenbeide kontinintaal. De simmers binne relatyf waarm, wylst winters kâld en snieryk binne. De kâldste moanne is jannewaris mei in trochsneed temperatuer fan -12 graden Selsius. July is de waarmste moanne mei in trochsneed temperatuer fan + 18 graden Selsius.

Ofbylden

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Iwanowo

  1. Ynwennertallen ôfkomstich fan de Russysktalige lemma's (oproppen 5 juny 2022)

 
Dielgebieten fan Ruslân

Flagge fan Ruslân

RepublykAdygeäAltai • Basjkortostan • Boerjaasje • Chakasje • Dagestan • (Donjetsk) • Ingûsjeesje • Kabardino-Balkaarje • Kalmukje • Karatsjai-Tsjerkjesje • Kareelje • Komi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje Oedmoersje Sacha Tatarstan • Tsjetsjeenje • Tsjûvasje • Tûva
KrajAltaiChabarovsk • Kamtsjatka • KrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropol • Transbaikal
OblastAmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblastJoadske Autonome Oblast
Autonoom distriktChanto-Mansje • Jamalo-Nenetsje • Nenetsje • Tsjûkotka
Federale stêdMoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.