Ivan Nikolajevitsj Kramskoj (Russysk: Иван Николаевич Крамской) (Ostrogozjsk, 27 maaie/8 juny(*) 1837 - 24 maart/5 april(*) 1887) wie in Russysk keunstskilder en keunstkritikus. Hy wie de yntellektuele lieder en ien fan de oprjochters fan de keunstnersgroep de Swalkers.
Kramskoj studearre fan 1857 oant 1863 oan de Keizerlike Akademy fan de Keunsten. As lieder fan de opstân fan de fjirtjin, dy't wegeren om in tekening neffens in eksamenopdracht te meitsjen, waard er fan de Akademy stjoerd, en begûn er in eigen groep, de Artel fan keunstners, in foarrinner fan de Swalkers.
Kramskoj waard tige beynfloede troch demokratyske revolúsjonêre tinkbylden, en wie fan betinken dat in keunstner in grutte plicht hie om it publyk by de sosjaal-krityske keunst te belûken. Dêrta moasten realistysk skildere wurde. Dizze ideeën hawwe laat ta de streaming fan de Swalkers. Yn de perioade 1863-1868 joech Kramskoj les; yn dat tiidrek makke er ek in soad portretten fan ferneamde skriuwers sa as Lev Tolstoj en Michail Saltikov-Sjtsjedrin, de skilder Ivan Sjisjkin, de keunstsamler en minsken as Pavel Tretjakov en de arts Sergej Botkin. Alle portretten binne ienfâldich fan komposysje sadat it karakter fan de portretearre goed útkomt.
Ién fan Kramskoj's wichtichste wurken is Kristus yn de woastyn út 1872. Hjirmei sette er de humanistyske line fan Alexander Ivanov fuort, mar brocht wol in religieusk aspekt yn it moraal-filosofysk ûntwerp. In de Kristusfiguer wurdt de heroyske selsopoffering dúdlik stâl jûn. Kramskoj is, troch syn wurk, keunstkrityk en ideeën essinsjeel west foar it ûntstean fan de Russyske gouden iuw fan de skilderkeunst.
(*)Noat: de earste datum is neffens de Juliaanske kalinder, dy't yn Ruslân oant de Oktoberrevolúsje yn 1917 jilde; de twadde neffens de Gregoriaanske kalinder fan no.
- De seemearminnen, 1871
- Ald man mei in kruk, 1872
- Kristus yn de woastyn, 1872
- Portret fan skilder Ivan Sjisjkin, 1873.
- Lev Tolstoj, 1873
- Ivan Sjisjkin, 1880
- Maria Feodorovna, 1880s
- Portret fan in ûnbekende frou, 1883
- Vladimir Solovyov, 1885
- Alexander III, 1886
Keppelings om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Iwan Nikolajewitsch Kramskoj fan Wikimedia Commons. |