Ivan Aleksandrovitsj Gontsjarov (Russysk: Иван Александрович Гончаров, sekuere transliteraasje: Ivan Aljeksandrovič Gončarov) (18 juny 1812 - 27 septimber 1891) wie in Russysk skriuwer, amtner op it ministearje fan finânsjen en sensor. Hy waard berne yn Simbirsk as soan fan in nôtkeapman. Op syn tsiende waard Ivan nei in kostskoalle yn Moskou stjoerd. Letter studearre er letteren oan de universiteit yn Moskou. Gontsjarov waard amtner en makke stadichoan karriêre, earst yn Simbirsk en letter yn Sint-Petersburch. Hy is wrâldferneamd wurden mei syn roman Oblomov.
Wurk
- In gewoan ferhaal, 1847.
- It fregat 'Pallas', 1858. Oer syn reis om de wrâld tusken 1852 en 1854 op it Fregat Pallas.
- Obyknovennaja istorija, 1847. Nederlânske oersetting: Een alledaagse geschiedenis.
- Oblomov's dream, 1849. Koart ferhaal, letter haadstik 9 yn de roman Oblomov.
- Oblomov, 1859. Roman
- Obryv ('It ravyn'), 1869. Nederlânske oersetting: Het ravijn. (Toergenjev dêroer: "Myn hier falt út fan ferfeling".)
Ynfloed
Gontsjarov hat in nij begryp oan it Russysk leksikon taheake: Oblomovisme, dat is in soarte fan fatalistyske loaiens sa't de haadfiguer fan de roman sjen lit. Dy term is sels brûkt troch Lenin yn in taspraak yn 1922. Hy seit dan: 'Ruslân hat trije revolúsjes trochmakke, dochs binne der noch Oblomovs...en dy moatte wosken, himmele, hinne en wer skuort wurde en lange tiid mei de swype hawwe, foar't se by harren ferstân reitsje'.
Literatuer
- E. Waegemans: Russische letterkunde, 1986, Utert
- Karel van het Reve: Geschiedenis van de Russische literatuur, 1985, Amsterdam
- A. Bachrach e.a.: Encyclopedie van de wereldliteratuur, 1980, Bussum
- Ronald Hingely: De Russische roman, 1966, Antwerpen
- Maarten Tengbergen: Klassieken van de Russische literatuur, 1991, Utrecht
Keppeling om utens
- Russyske tekst fan Oblomov yn Aleksej Komarovs Ynternet bibleteek.
- Oblomov: In man fan syn tiid. In essay troch Hugh R. Whinfrey, 1991 (ing)