Lizzing fan It Syl, links boppe

It Syl is in wetter en dyk op De Jouwer.

It wetter is it diel fan de Jouster Sylroede oan de noardkant fan de brêge by It Tolhûs. Oan de oare kant fan de brêge leit De Kolk. Oan it wetter stienen eartiids in soad bedriuwen dy't harren grûnstoffen en produkten krigen oer wetter. Sa stie dêr it nôtpakhûs fan de firma G.P. Vath en Soannen en de tichtby lizzende skipswerf fan Aukebaas. Fierders wienen der drukkerij en boekhannel Jan Swart.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Piet Rigter van der Zee Joure in grootmoeders tijd Europese Bibliotheek ISBN 90 288 6142 4
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.