De Proses fan Schamgorod | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Le Procès de Shamgorod | |
auteur | Elie Wiesel | |
taal | Frânsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | "tragyske klucht"; holokaustliteratuer | |
1e publikaasje | 1979, Parys | |
oarspr. útjwr. | Éditions du Seuil | |
kodearring | ||
ISBN | 2 02 00 50 838 | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | It Proses fan Schamgorod | |
publikaasje | [net útjûn] | |
oersetter | Jacobus Knol |
It Proses fan Schamgorod, yn it oarspronklike Frânsk: Le Procès de Shamgorod, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e Joadsk-Amerikaanske skriuwer, heechlearaar, polityk aktivist, Nobelpriiswinner en holokaustoerlibbene Elie Wiesel (1928). It is, neffens de oantekenings dy't Wiesel deroan taheakke, in "tragyske klucht" yn trije bedriuwen, dy't spile heard te wurden ta gelegenheid fan it joadske Poerimfeest. Wiesel skreau it stik, wêryn't God oanklage wurdt foar kontraktbreuk, op grûn fan foarfallen dêr't er yn 'e Twadde Wrâldoarloch mei eigen eagen tsjûge fan wie yn it konsintraasjekamp Auschwitz. Le Procès de Shamgorod waard foar it earst útjûn yn 1979; yn 2006 waard it oerset yn it Frysk, mar dy fertaling is spitigernôch nea útjûn.
Histoaryske eftergrûn
Yn syn ynlieding ta it toanielstik jout Wiesel oan hoe't er sa by it ûnderwerp fan it stik kaam: "Middenyn it keninkryk fan 'e nacht wie ik tsjûge fan in nuveraardich proses. Trije rabbinen — allegear belêzene en fromme mannen — besleaten op in winterjûn om God oan te kleien om't er neat die om it ôfslachtsjen fan syn bern tsjin te kearen. It stiet my noch klear foar de geast: ik wie derby, en koe wol gûle. Mar nimmen gûlde."
De Amerikaanske teolooch en minskerjochte-aktivist Robert McAfee Brown hat dit histoaryske foarfal mank de ferskrikkings fan Auschwitz noch wat fierder beljochte: "It proses duorre ferskate jûnen oan. Tsjûgen waarden heard, bewiismateriaal gearbrocht, konklúzjes waarden lutsen, en út dat alles kaam einlings in unanym fûnis fuort: de Heare God Almachtich, Skepper fan Himel en Ierde, waard skuldich befûn oan misdieden tsjin 'e skepping en de minskheid. En doe, nei wat Wiesel omskriuwt as in 'ivichheid fan stilte', seach de talmoedgelearde omheech nei de loft en sei: 'It is tiid foar it jûnsgebed,' en doe seine de leden fan it tribunaal it maariv, de jûnbea, op."
It idee om God foar it gerjocht te daagjen is trouwens net unyk. Sa klage yn 2007 Ernie Chambers, in steatssenator foar de Amerikaanske steat Nebraska, God oan foar de tornado's dêr't syn steat geregeldwei troch troffen waard. Neffens de tillefyzjestjoerder KPTM Fox 42 woed er hawwe dat de rjochter in "permanint ferbod" oplei "dat de Beklage twong om op te hâlden mei beskate skeadlike aktiviteiten en mei it meitsjen fan terroristyske drigeminten."
Ynhâld
It Proses fan Schamgorod spilet yn East-Jeropa yn 1649, yn it stedsje Schamgorod, koart nei't der yn dy krite in anty-joadske pogrom plakfûn hat. Hoewol't sawol Schamgorod as de pogrom dy't it stedsje trof oan 'e fantasij fan Wiesel ûntspruten is, hat it ynsafier in histoaryske basis, dat der yn 1649 yndie in hiele weach fan pogroms tsjin joaden plakfûn yn it gebiet dat hjoed de dei ta de Oekraïne, Poalen en Wyt-Ruslân heart. Dy wiene in útfloeisel fan 'e Chmelnytsky-opstân fan 'e etnysk Oekraynske kozakken tsjin 'e Poalske oerhearsking.
Yn it stik arrivearje trije omdoarmjende joadske minstreels yn Schamgorod op 'e jûns foar it Poerimfeest, dêr't de oerwinning fan 'e joaden op harren aartsfijân Haman (sjoch: Ester) by fierd wurdt. Hja witte lykwols net dat it stedsje krekt troffen is troch in ûntheisterjende pogrom, wêrby't frijwol de hiele joadske mienskip ôfslachte is. In útsûndering is de herbergier Berish, waans frou en soan fermoarde binne en waans dochter Hanna mentaal stikken gien is oan 'e ferkrêfting en foltering dêr't se troch de breinroere kliber oan ûnderwurpen is. De minstreels beslute om God in proses oan te dwaan, en sykje in rjochterstribunaal, in oankleier en in ferdigener byinoar.
Fryske oersetting
Yn 2006 is Le Procès de Shamgorod troch Jacobus Knol fan Dokkum oerset yn it Frysk, ûnder de titel It Proses fan Schamgorod. Spitigernôch koed er der gjin útjouwer foar fine, dat Knol hat de oersetting inkeld foar himsels printsje en ynbine litten, mar hy is nea yn 'e hannel kommen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |