It Muzyk Giet troch de Buorren
algemiene ynformaasje
taalFrysk
sjenrefolksmuzyk
útbrocht1950
skriuwerPaulus Folkertsma
komponistPaulus Folkertsma

It Muzyk Giet troch de Buorren is in tige bekend Frysktalich folksferske, dat generaasjes Fryske bern op 'e skoalle leard hawwe. It waard yn 1950[1] makke troch Paulus Folkertsma (1901-1972) dy't sawol de liettekst skreau as de meldij komponearre.[2] Oarspronklik wie de titel stavere as It Mesyk Giet troch de Buorren. It is in koart liet, dat as kanon songen wurde kin.

Tekst

It muzyk giet troch de buorren
It is allegearre folk
Rom-bom-bom, rom-bom-bom slacht de tromme
Dêr begjint it al:
"Jellum-Boksum is in wiidferneamd stasjon!"
Alle jonges, alle famkes
Sjonge mei. 't Is in lust,
Hast ús hiele lytse doarpke dat is op 'en baan!
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. It Mesyk Giet troch de Buorren yn it Frysk Muzyk Argyf
  2. Fryslân Sjongt, Ljouwert, 2000 (Afûk), ISBN 9 06 27 33 611, s. 213.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.