It Hegelân

Het Hogeland

flaggewapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Grinslân
boargemasterHenk Jan Bolding (waarnimmend)
sifers en geografy
haadplakUthuzen
grutste plakBedum
ynwennertal48.231 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens55 / km²
oerflak907,71 km²
● wêrfan lân482,82 km²
● wêrfan wetter424,89 km²
tal doarpen51
ferkearsierenN361, N363, N46,
skiednis
oprjochte2019
Oant 2019 De Marne
Bedum
Iemsmûn,
Winsum (foar in part)
oar
netnûmer050, 0595, 0596
postkoade9350, 9351, 9363, 9800, 9801, 9860, 9861
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidehethogeland.nl

It Hegelân (Grinslânsk: ’t Hoogelaand; Nederlânsk: het Hogeland) is in gemeente yn it noardwestlik diel fan de provinsje Grinslân. De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 2019 troch gearfoeging fan de gemeenten Bedum, Iemsmûn, De Marne en in diel fan Winsum. It Hegelân is wat oerflak oanbelanget in tige grutte gemeente en de plakken Bedum, Liens, Winsum en Uthuzen binne gemeentlike sintra. Yn Uthuzen komt it gemeentebestjoer en de gemeenteried by inoar. De gemeente hie op 1 jannewaris 2024 48.231 ynwenners (boarne: CBS).

Namme

De namme is ûntliend oan dy fan it histoaryske distrikt Hogeland of Hoogeland. De ynwenners mochten yn 2017 stimme foar de definitive namme middels in enkête. 75% keas foar Het Hogeland. De alternativen Het Marenland en Hunsingo hellen it net.

Plakken

Yn de gemeente lizze 51 doarpen. Dêrnjonken hat de gemeente noch in grut tal buorskippen. De waadeilannen Rottumereach en Rottumerplaat falle ûnder de gemeente It Hegelân.

Dialekt

Yn de gemeente wurdt in fariant fan it Nedersaksysk, it saneamde Hegelânsk (Hoogelaandsters of Noordgrunnegs) praat.

Grinslân
Flagge fan de provinsje Grinslân
Flagge fan de provinsje Grinslân
Aldamt - Feandam - Grins (haadstêd) - It Hegelân - Iemsdelta - Midden-Grinslân - Pekela - Stedskanaal - Westerkertier - Westerwâlde
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.