Helgolân 2007.

It Friezendroapen (Dútsk: Friesen-Droapen) is in twa- of trijedeisk Frysk kultureel festival. It festival wurdt alle trije jierren op it Hilgelân holden en lûkt alle kearen wer tûzenen minsken nei it eilân. Troch it meielkoar oparbeidzjen fan de Fryske Rie, de gemeente Helgolân en de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein wurdt it feest mei mooglik makke. It Friezendroapen hie oant 1998 de namme ‘Sternfahrt der Friesen’.

It festival moat in yndruk jaan fan de Fryske poadiumkultuer tusken de Iselmar en de Dútsk-Deenske grins. De bydragen komme út Noard-, East- en Westerlauwersk Fryslân. Fêste ûnderdielen fan It Friezendroapen binne it folksdûnsjen yn tradisjonele klaaiïng, de optredens yn de Nordseehalle en de Ynterfryske tsjerketsjinst op de lêste dei.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.