It Diakonyfean | ||
Diakonyfean | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Nijeberkeap | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 44 ha | |
stifting | 1953 | |
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
It Diakonyfean (Stellingwerfsk: Et Diakonievene) is in natoergebiet fan 44 hektare by Nijeberkeap dat bestiet út in oantal plassen dy't mei elkoar yn ferbining steane. Fierders is der in pingoruïne mei beboske stowâl en stikjes heide.
It Fryske Gea is sûnt 1953 eigener fan It Diakonyfean. De namme komt út de tiid dat de diakony fan Nijerbekeap foar de earmen soarge en dêr turf foar har wûn. De tsjerklike earmensoarch fûn dat de pleatslike befolking winterdeis gjin kjeld lije mocht. De hjoeddeiske plassen binne oerbliuwsels fan dy feanterij en in grutte pingoruïne.
It behear rjochtet him benammen op in spontane ûntwikkeling dy't bystjoerd wurdt troch begerskjen. De plassen moatte it hawwe fan reinwetter wat yn de winter ta hege wetterstannen liede kin. Op in oanswettend stik earder boulân hat natoerûntwikkeling west. De fiedselrike boppegrûn is ôfgroeven en ôffierd, wylst it oarspronklike reliëf sa goed at koe fannijs oanbrocht is. De plaskes en de slinken dy't op 'en nij oanlein binne bliuwt it wetter yn stean.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |