De Israelyske barriêre is in skiedingsmuorre dy't troch Israel boud wurdt by de Griene Line del en yn parten fan it Westjordaanlân.
Algemiene beskriuwing
De barriêre is in kontroversjeel elemint yn it Israelysk-Palestynsk konflikt. Neffens Israel is de barriêre nedich foar de beskerming tsjin Palestynsk terrorisme wylst de Palestinen it as in rasseskieding en in foarm fan apartheid sjogge.
De barriêre hat, nei't er foltôge is, in totale lingte fan 708 km. De rin fan de muorren is mear as dûbeld de lingte fan de Griene Line, dêr't 15% fan by de Griene Line del of yn Israel rint, wylst it oerbliuwende part fan 85% wol 18 km yn it Westjordaanlân, dêr't wol 9% fan it lân en 25.000 Palestinen fan de rest fan Palestynsk gebiet fan ôfsnien wurdt. De barriêre belûkt de Israelyske delsettings yn it Westjordaanlân winliken ta Israel.
De barriêre waard troch Israel boud nei in weach fan Palestynsk polityk geweld en ynsidinten fan terrorisme yn Israel by de Twadde Palestynske Intifada, dy't yn septimber 2000 begûn en yn febrewaris 2005 ophold. Neffens it Israelysk regear naam it tal selsmoardterrorisme dy't út it Westjordaanlân wei útfierd waarden fan 73, tusken 2000 en july 2003, doe't it earste part fan de muorre ree wie, ta 12 tusken augustus 2003 oant ein 2006. Wylst de muorre ynearsten as in feiligensmaatregel gou yn de snuorje fan gruttere konflikten, wurdt de muorre sjoen as in takomstige grins tusken Israel en de Palestynske steat.
It bouwen fan de barriêre late ta klachten fan Palestinen, minskerjochten-organisaasjes en leden fan de ynternasjonale mienskip, allyk út Israel sels wei. Hja sjogge it as in ûnderdiel fan de yntinsje en anneksearje Palestynske gebieten mei it ferlechje dat it de feiligens ferbetteret. Ek wurdt de muorre sjoen dy't it Israelysk-Palestynsk fredesproses yn 'e ûnderstek docht, troch it fêststellen fan nije de facto grinzen. Ien fan de wichtichste beswierpunten is dat de muorre in ein eastlik fan de grins tusken Israel en it Westjordaanlân yn Palestynsk gebiet boud is, dy't it friij bewegen fan in soad Palestinen en harren mooglikheid nei harren wurk yn it Westjordaanlân ôf te reizgjen, behinderet. It Ynternasjonaal Gerjochtshôf stelde dat de barriêre ynternasjonaal rjocht skeint. Yn 2003 hat de Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes in resolúsje oannommen dy't Israel dêrfan beskuldige dat it bouwen fan de barriêre troch Israel it ynternasjonaal skeint en easke it fuortheljen fan de muorre mei 144 stimmen foar, 4 tsjin en 12 ûnthâldings.
Konstruksje
De barriêre wurdt troch de Israelyske ferdigeningskrêften omskreaun as "in obstakel dy't opboud is út ferskate lagen". Parten fan de barriêre besteane út 9 meter hege betonnen muorren, wylst oare parten út in konstruksje fan lagen stikeltried besteane. Dy lagen stikeltried besteane oan de bûtenkant út lagen stikeltrie yn piramide-foarm op inoar, in lichter stek mei ynkringersdeteksje yn it midden, in anty-reaufuorge, patrûljediken oan wjerskanten en in sêfte stripe sân foar it ûntdekken fan ynkringers. Op de plakken dêr't de barriêre út de lage stikeltried bestiet, is in sperrgebiet mei in trochsneed breedte fan 60 meter, mei op guon plakken wol 100 meter breed. By de betonnen muorren is dat 3 meter breed.
De betonnen parten fan de muorre wurde gauris brûkt troch graffiti-keunstners, mei oan de Palestynske kant dêr't de tsjinstân yllustrearre wurdt.
Galery
- Betonnen muorre tusken Abu Dis en East-Jeruzalim.
- Graffiti op de muorre by Betlehim dêr't stiet Ich bin ein Berliner nei de ferneamde útspraak oer de Berlynske Muorre troch presidint John F. Kennedy.
- Konstruksje fan lagen stikeltried yn piramide-foarm by Givat Ze'ev.
- De barriêre súdlik fan Hebron.
- De barriêre oan de noardgrins fan it Westjordaanlân.
- De barriêre op de berch Sion
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side. |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Israeli West Bank barrier fan Wikimedia Commons. |