מדינת ישראל
دولة اسرائيل
Medinat Yisrael
Flagge fan Israel Wapen fan Israel
Flagge Wapen
Lokaasje fan Israel
Offisjele taal Arabysk, Hebriuwsk
Haadstêd Jeruzalim
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
20.770 km²
2,00­%
Ynwenners (2022) 9.620.000
Munt Sjekel (ISL)
Tiidsône UTC +2
Nasjonale feestdei 14 maaie
Lânkoade ISR
Ynternet .il
Tillefoan 972

Israel (Hebriuwsk: מדינת ישראל "Medinat Jisra'el", Arabysk: دولة إسرائيل "Daulat Isrā'īl") is in lân yn Súdwest-Aazje. De haadstêd is Jeruzalem en de presidint fan de republyk is sûnt 2021 Isaac Herzog.

Geografie

Lizzing

Israel wurdt begrinzge troch Libanon yn it noarden, Syrje yn it noardeasten, Jordaanje en de Deade See yn it easten, de Golf fan Akaba yn it suden, Egypte yn it súdwesten en de Middellânske See yn it westen. Israel hat in grutte fan 470 kilometer fan noard nei súd en breedte fan west nei east leit tusken de 15 en 135 kilometer. It lân leit as in smelle stripe by de Middellânske See lâns mar hat doch ferskillende klimaatsônes.

Topografy fan Israel

Lânskip

Yn it noarden fan it lân is bosk en it klimaat is matich, yn it suden is de Negev woastyn dy't suver de helte fan Israel beslacht. De gebieten dy't direkt oan de Middellânske See lizze hawwe in subtropysk klimaat. De Deade See op de grins tusken Jordaanje en Israel is it leechste plak op de ierde. Yn de Seisdeiske Kriich fan 1967 ferovere Israel de Westigge fan Jordaanje, de Golan Heechflakte fan Syrje en it Sinai-skiereilân fan Egypte. Israel hat harren troepen en bewenners fan it Sinai-skiereilân en de Gasastreek weromlutsen. De takomstige status fan de Westigge, de Gazastripe en de Golan Heechflakte is noch ûnwis. De oerflakte fan Israel is, sûnder de gebieten mei te rekkenjen dy't yn 1967 ferovere binne, 20 770 fjouwerkante kilometer (wêrfan ien persint wetter). Mei dy gebieten derby rekkene bedraacht de oerflakte 22 145 fjouwerkante kilometer (mei East-Jeruzalem en de Golan Heechflakte). Mei de Westigge, dy't in eigen bestjoerlik foech hat, is de oerflakte fan Israel 28 023 fjouwerkante kilometer. De trije grutste stêden fan Israel binne Tel Aviv, Haifa en Jeruzalim.

Skiednis

Yn 63 f.Kr. wurdt Israel troch de Romeinen ferovere en beset holden. De Romeinen ferdiele it gebiet yn twa provinsjes: Syrje yn it noarden, Judea yn it suden. Yn it jier 70 n.Kr. wurdt Jeruzalem folslein ferrinnewearre. De Joaden komme yn 135 n.Kr. yn opstân mar dy wurdt troch de Romeinen delslein. Nei de opstân tsjin de Joaden nei oare lannen en wurdt it gebiet Palestina neamd.

De earste weach fan Joaden nei Israel wie yn 1882, de twadde tusken 1904 en 1914. Yn it jier 1907 wurdt de stêd Tel Aviv stifte, de earste moderne stêd fan Israel.

Troch de oerwinning fan de Britten yn de Earste Wrâldkriich komt it Osmanyske bewâld yn Israel oan de ein. Fan it Folkenbûn krijt Grut-Brittanje yn 1922 it Mandaat foar Palestina dêr't yn stiet dat it foar Joaden mooglik wêze moat om har nei wenjen te setten yn Palestina. Yn itselde mandaat stiet ek omskreaun dat de net-Joadske ynwenners gjin striebreed yn 'e wei lein wurde mei. Yn july 1922 partsje de Britten Palestina yn twa bestjoerlike ienheden. De Joaden mochten har inkeld oan de westkant fan de Jordaan nei wenjen sette, likernôch 22% fan Palestina.

Op 29 novimber 1947 komme de Feriene Naasjes oerien dat Palestina yn in Joadske en Arabyske steat skaat wurdt. Mei it doel om ta in ûnôfhinklike Joadske steat foar oerlibbenden fan de Holocaust te kommen, stimme de Joaden foar it plan. De Arabyske befolking yn palestina en dy fan de Arabyske lannen binne tsjin it foarnimmen fan de Feriene Naasjes. It Britske Mandaat foar Palestina wie op 14 maaie 1948 ôfrûn. Om fjouwer oere middeis kaam de Joadske Nasjonaalried gear yn it Stêdsmuseum fan Tel Aviv foar de ûnôfhinklikensferklearring fan de steat Israel. Alve minuten letter erkenden de Feriene Steaten de nije steat, de Sowjetuny erkende Israel op 16 maaie.

Yn 'e nacht fan 14 maaie ferklearren Egypte, Saûdy-Araabje, Jordaanje, Libanon, Irak en Syrje kriich oan de nije steat. Dy kriich duorre fan maaie 1948 oant july 1949, Israel wûn de kriich en koe syn gebiet útwreidzje. De blokkade fan it Suezkanaal troch Egypte late yn 1956 ta kriich mei Israel, Grut-Brittanje en Frankryk. Israel ferovere de Sinaï om skipfeart nei de havenstêd Eilat wer mooglik te meitsjen. Nei in diplomatyk konflikt mei Feriene Naasjes lûke de Israeeljers har werom út de Sinaï mei it betingst dat it Suezkanaal iepen bliuwt foar Israelyske skipfeart. De Feriene Steaten ûnthjitte Israel de ynternasjonale wetterwei iepen te hâlden. Yn 1964 wurdt de Palestynske Befrijdingsorganisaasje (PLO) oprjochte. It PLO hat ta doel Israel te neate te meitsjen dêr't in Palestynske steat foar yn it plak komme moat.

Yn 1967 krijt de Egyptyske presidint Gamal Abdel Nasser stipe fan Arabyske lannen om it Suezkanaal te blokkearjen. Israel ferovere yn de Seisdagekriich de Sinai, de Gazastripe, Westjordaanje, East-Jeruzalim en de Golanhichte. Op 11 juny wurdt der in wapenstilstân ûndertekene. Op 19 juny besleat it Israelyske kabinet de gebieten yn fredesûnderhannelings werom te jaan.

Demografy

Befolking

Yn july 2008 wennen likernôch 7,1 miljoen minsken yn Israel, dêr't om-ende-by 187 000 fan op de Westigge, sa'n 20 000 op de Golanhichten, en hast 177 000 yn East-Jeruzalem. Sa'n 76,4% fan de befolking is Joadsk. 67,1% fan de etnyske Joaden is yn Israel berne, 22,6% yn Jeropa/Amearika, 5,9% Afrika en 4,2% út Aazje. De oare 23,6% net-joaden binne foar it grutste diel Arabieren. Hebriuwsk en Arabysk binne de offisjele talen fan Israel.

Religy

Dee Westmuorre, in oerbliuwsel fan de Joadske Tempel, en de Tembelberch yn Jeruzalem

De grutste religy yn Israel is it Joadendom, dêrneist is sa'n 16% fan de mienskip Moslim.

Yn 2004 wie 80,6% fan de befolking Joadsk[1], dêrtroch is Israel it iennichste lân op de wrâld mei in Joadske mearderheid. Seis persint fan de Joaden neame harsels Charedim (ultra-ortodokske Joaden). Njoggen persint wienen fromme Joaden. 34 persint neamde harsels tradisjonalistysk en 51 persint neamd harsels sekulêr. Likernôch 2,1 persint of 138 500 is Kristen, wêrfan 113 100 Arabysk en 25 400 fan oare komôf. De Roomsk-Katolike Tsjerke is de grutste Kristlike tsjerke yn Israel mei sa'n 75 000 leden. In lytse minderheid fan de Joaden, de Messiaanske Joaden, leauwe wol oan it grutste part fan de lear fan it Joadendom, mar hja sjogge Jezus Kristus as harren Messias. Dat leauwen wurdt troch oare Joaden ta it Kristendom rekkene.

Fan de goed 18% Israelyske Arabieren is 14,6% Sûnnitysk Moslim. In lyts part fan de Moslims heart by de Ahmadiyyah-herfoarmingsbeweging, dy't de klam lizze op tolerante en freedsume aspekten fan de Islam. Der is ek in lytse minderheid fan inkelde hûnderten Bahá'í, benammen yn Haifa en omkriten, dêr't ek harren wichtichste hillichdommen binne. Dan is der noch in lytse Samaritaanske gemeente fan sa'n 800 minsken, dy't yn Israel en op de besette Westigge wenje. Sindingswurk is ferbean yn Israel.

Ekonomy

Sakedistrikt yn Ramat Gan

Israel hat in technologysk fier ûntwikkele merk ekonomy, dêr't de oerheid aktyf oan dielnimt. De ekonomy is ôfhinklik fan de ymport fan nôt, rûge oalje, rûge materialen, militêr materiëel en wetter. De wichtichste eksportprodukten binne diamant, technologysk heechweardich guod en lânbouprodukten sa as fruit en griente. De ûntjouwing fan de agraryske sektor hat derta laat dat Israel net ôfhinklik is fan oare lannen foar itensprodukten, útsein nôt. Israel hat aardige hannelstekoarten, dy't dekt wurde troch jildtransaksjes út it bûtenlân of bûtenlânske lieningen. Rûchwei de helte fan de steatsskuld is liend jild fan de Feriene Steaten, wêrfan Israel militêr en ekonomysk stipe krijt. It BYP, nei in lytse delgong yn 2001 en 2002 troch it Palestynske konflikt en swierrichheden yn de hege-technology sektor, groeide 5% per jier nei 2003. De ekonomy groeide sa'n 4,2% yn 2008. Troch it hoedene fiskale belied en strukturele herfoarmingen hat de steat Israel in stevige ekonomy dy't fierder groeie kin. It BYP per persoan is $26.600 (2007). Gearstalling fan BYP de sektor is 2,7% lânbou, 30,2% yndustry en 67,1% tsjinsten.

Militêr

F-15 fan de Israelyske loftmacht

Israel hat as steat al sûnt it begjin yn 1948 konflikten mei oanswettende lannen, dêrom seit it himsels dat in aardich grut diel fan it BYP ornearre is foar definsje. Troch grinskonflikten, rebûlje yn besette gebieten, grutte oarloggen mei oare lannen is it ien fan de meast gefjocht-trainde definsje op de wrâld. [2]

Struktuer

Israel hat in lânmacht, loftmacht en marine. De Israelyske definsje is ûntstien yn de Arabysk-Israelyske Kriich fan 1948 út paramilitêre groepen.

Mankrêft

Yn 2008 wienen der 1.717.362 Israelyske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 1.452.926 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 60.602 .

Budzjet

Militêr budzjet $232 miljoen (2003).
Persintaazje fan it BYP 7,3 % (2008).

Ferwizing nei boarne

  1. Der Fischer Weltalmanach 2008. Frankfurt am Main 2007: Fischer Taschenbuch Verlag, side 245
  2. Artikel oer de Israelyske definsje op globalsecurity.com

Sjoch ek

Keppeling om utens

Wikiwurdboek Wikiwurdboek: Israel – betsjutting, etymology, synonimen, besibbe wurden, oersetting en grammatika
Commons Commons: Israel – foto, fideo en harktriemmen
Wikiatlas Wikimedia-atlas: Israel – geografyske en histoaryske kaarten
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.