Isabella fan Mar | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Skotsk | |
bertedatum | ±1277 | |
berteplak | Kastiel fan Kildrummy (Skotlân) | |
stjerdatum | 12 desimber 1296 | |
stjerplak | Cardross (Skotlân) | |
dynasty | Hûs Mar Hûs Bruce (troch har houlik) | |
etnisiteit | Skotsk Welsk | |
grevinne-gemalinne fan Carrick | ||
amtsperioade | 1295 – 1296 |
Isabella fan Mar (Ingelsk: Isabella of Mar, Skotsk-Gaelysk: Iseabail a Màrr; Kastiel fan Kildrummy, ±1277 – Cardross, 12 desimber 1296) wie in Midsiuwsk Skotsk ealfrouwe fan mingd Skotsk-Welsk etnysk komôf. Hja wie de earste frou fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce, en de beppe fan kening Robert II fan Skotlân, dy't de stamheit fan it Hûs Stuart waard. Isabella stoar foar't har man kroane waard, en wie sels nea keninginne.
Libben
Isabella waard omtrint 1277 berne op it Kastiel fan Kildrummy, yn Aberdeenshire, dat de residinsje fan 'e greven fan Mar wie. Hja wie de dochter fan Donald I, greve fan Mar († ±1300), en dy syn frou Helena de Jongere (1246-1295), de oerwûne dochter fan Llywelyn de Grutte, prins fan Wales. Isabella wie op jonge jierren troud mei en widdo wurden fan Malcolm II, greve fan Fife. Har heit wie in oanhinger fan it Hûs Bruce, en wie fan betinken dat de jonge Robert fan Bruce, greve fan Carrick, de bêste oanspraken op 'e doedestiden fakante Skotske troan hie. Dat, nettsjinsteande de risiko's om him sa iepentlik oan 'e kant fan 'e Bruces te skaren, besleat er en hylkje syn dochter út oan Robert fan Bruce.
Isabella troude yn 1295 mei Robert fan Bruce, doe't se santjin of achttjin jier âld wie. It sizzen is dat it net inkeld in ferstânshoulik wie, mar ek in houlik út leafde, mei't de beide jongelju tige fereale opinoar wiene. It is net mear nei te gean oft dat wier is. It is bêst mooglik, mar it hat ek wol kâns dat it in lettere tafoeging oan 'e leginde fan Robert fan Bruce is. Yn elts gefal rekke Isabella koart nei it sluten fan it houlik swier. Yn 1296 skonk hja it libben oan in dochterke, Marjorie fan Bruce (1296-1316), mar stoar sels in pear dagen letter yn it kreambêd. Isabella fan Mar waard achttjin of njoggentjin jier. Hja waard begroeven yn 'e Abdij fan Paisley, yn it Skotske greefskip Renfrewshire.
Robert fan Bruce kaam yn 1306, tsien jier nei it ferstjerren fan Isabella, op 'e Skotske troan as kening Robert I. Hy wertroude seis jier nei har dea mei Elizabeth fan Burgh, mei wa't er noch fjouwer oare bern krige, wêrûnder syn opfolger, kening David II fan Skotlân. Isabella har dochter Marjorie fan Bruce troude yn 1315 mei Walter Stewart, 6e grutsteedhâlder fan Skotlân. Harren soan, Isabella har beppesizzer, wie Robert II fan Skotlân, de earste kening fan Skotlân út it Hûs Stuart. Fan him stammen alle lettere Stuart-keningen fan Skotlân, Ingelân en Grut-Brittanje ôf, oant en mei (yn 'e froulike line) keninginne Elizabeth II.
Foarâlden fan Isabella fan Mar
16. Morgan, greve fan Mar | ||||||||||||||||
8. Duncan, greve fan Mar | ||||||||||||||||
17. Agnes | ||||||||||||||||
4. Willem, greve fan Mar | ||||||||||||||||
9. ûnbekend | ||||||||||||||||
2. Donald I, greve fan Mar | ||||||||||||||||
20. Richard Comyn | ||||||||||||||||
10. Willem Comyn, hear fan Badenoch | ||||||||||||||||
21. Hekstilde fan Tynedale | ||||||||||||||||
5. Elizabeth Comyn | ||||||||||||||||
22. Fergus, greve fan Buchan | ||||||||||||||||
11. Marjorie, grevinne fan Buchan | ||||||||||||||||
23. ûnbekend | ||||||||||||||||
1. Isabella fan Mar | ||||||||||||||||
24. Owain Gwynedd ap Gruffydd | ||||||||||||||||
12. Iorwerth ap Owain Gwyneddioew | ||||||||||||||||
25. Gwladys ferch Llywarch | ||||||||||||||||
6. Llywelyn de Grutte, prins fan Wales | ||||||||||||||||
26. Madog ap Maredudd | ||||||||||||||||
13. Marared ferch Madog | ||||||||||||||||
27. Susanna ferch Gruffydd | ||||||||||||||||
3. Helena de Jongere fan Wales | ||||||||||||||||
7. ûnbekend | ||||||||||||||||
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources, op dizze side. |