Irene Bedard
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeIrene Bedard
nasjonaliteit Amerikaansk
berne22 july 1967
berteplakAnchorage (Alaska)
etnisiteit Injûpiat
Inûyt
Jûpik
Kry
Mety
jierren aktyf1994 – no
offisjele webside
Irene Bedard op Twitter

Irene Bedard (Anchorage, 22 july 1967) is in Amerikaansk film-, tillefyzje- en stimaktrise fan mingd Yndiaansk en Eskimo-komôf. Hja hat sûnt it begjin fan har aktearkarriêre, yn 1994, in wiid ferskaat oan Yndiaanske froulju spile. It bekendst waard se mei har rol as Suzie Song yn 'e film Smoke Signals en trochdat se har stim liende oan it titelpersonaazje út 'e lange tekenfilm Pocahontas, fan Disney.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Bedard waard yn 1967 berne yn Anchorage, yn 'e Amerikaanske steat Alaska. Hja is fan mingd etnysk komôf, mei bloed fan trije Eskimofolken: de Injûpiat (Iñupiat) út noardlik Alaska, de Inûyt (Inuit) út noardlik Kanada en de Jûpik (Yup’ik) út súdwestlik Alaska. Dêropta stammet se ek ôf fan 'e Yndiaanske Kry (Cree) út súdlik Kanada en de noardlike 48 legere Feriene Steaten, en fan 'e Mety (Métis), in mingfolk fan blanken en Yndianen, dat yn Kanada mei Yndianen en Eskimo's as ien fan 'e trije lânseigen groepen beskôge wurdt. Bedard studearre muzikaal teäter oan The University of the Arts, yn Philadelphia.

Aktearkarriêre

Bedard spile har earste rol as de Lakota-aktiviste Mary Crow Dog, yn 'e tillefyzjefilm Lakota Woman: Siege at Wounded Knee, út 1994, dy't oer de Besetting fan Wounded Knee yn 1973 giet. Foar dy rol waard se nominearre foar in Golden Globe yn 'e kategory bêste rol fan in aktrise yn in minysearje of tillefyzjefilm, en se wûn der in Western Heritage Award mei. Datselde jiers makke se ek har debút op it wite doek mei in lyts roltsje yn 'e film Squanto: A Warrior's Tale. Har bekendste rol hie se as stimaktrise doe't se yn 1995 har stim liende oan it personaazje fan Pocahontas, yn 'e lange tekenfilm Pocahontas fan 'e Walt Disney Animation Studios. Se stie ek lichaamlik model foar dat personaazje. It Amerikaanske tydskrift People keas har dat jiers ta ien fan 'e fyftich moaiste minsken fan 'e wrâld.

Op 'e tillefyzje hie Bedard gastrollen yn searjes as The Marshal (1995), Adventures from the Book of Virtues (1996), Profiler (1997) en The Outer Limits (2001). Yn 1996 spile se de rol fan Swarte Bizonfrou yn 'e tillefyzjefilm Crazy Horse, oer it Lakota-opperhaad Mâl Hynder. Ek fertolke Bedard yn 1997 de rol fan Minnehaha yn 'e film Song of Hiawatha, nei it ferneamde gedicht fan Henry Wadsworth Longfellow. In oare bekende rol fan harres wie dy fan Suzy Song yn 'e film Smoke Signals, út 1998.

Datselde jiers wie se ek te sjen yn 'e tillefyzjefilm Two for Texas, dy't har in twadde Western Heritage Award opsmiet, en teffens liende se op 'e nij har stim oan Pocahontas foar it direkt-op-fideo útbrochte ferfolch Pocahontas II: Journey to a New World (wêryn't Pocahontas op reis giet nei Jeropa). Bedard hie as stimaktrise ek in weromkearende rol as generaal Miriam Redwing yn fjouwer ôfleverings fan 'e science fiction-tekenfilmsearje Roughnecks: The Starship Troopers Chronicles (1999-2001). Oare stimrollen hie se yn ôfleverings fan What's New, Scooby Doo? (2004), Higglytown Heroes (2005), The Spectacular Spider-Man (2008), Young Justice: Invasion (2012), en de film Turok: Son of the Stone (2008).

Irene Bedard yn 2016.

Yn 2005 wie Bedard te sjen yn 'e film The New World, fan regisseur Terence Malick, dy't it ferhaal fan Pocahontas út in hiele oare hoeke besjocht. Dêryn hie se de rol fan Nonoma, de mem fan Pocahontas. Datselde jiers spile Bedard ek de healbloedfrou Margaret Light Shines Wheeler yn it mei loovjende kritiken ûntfongen Into the West, in minysearje fan it westernsjenre. Dêrmei wûn se har trêde Western Heritage Award. Fan 2012 oant en mei 2015 hie Bedard yn trije ôfleverings fan 'e plysjesearje Longmire in weromkearende rol as May Stillwater. In oare weromkearende rol hie se yn 2017 as Kimi Lucero yn njoggen ôfleverings fan 'e tillefyzjesearje The Mist. Ek hie se yn 2018 in gastrol yn 'e searje Westworld, en liende se jitris har stim oan it personaazje Pocahontas yn 'e tekenfilm Ralph Breaks the Internet. Yn 2017 wurke Bedard fierders mei oan 'e fideoklip fan it nûmer Family Feud, fan rapper Jay-Z, wêryn't se in ko-presidint fan 'e Feriene Steaten spilet.

Oar wurk

Njonken har aktearkarriêre rjochte Bedard yn 2012, tegearre mei de Kanadeeske sakeman Thom Denomme, de ûnôfhinklike filmstudio's Sleeping Lady Films en Waking Giants Productions op, dy't fêstige binne yn Anchorage (Alaska), resp. Santa Fe (Nij-Meksiko). De studio's binne deroan wijd om positive en ynspirearjende ferhalen te ferfilmjen oer Yndianen en Yndiaanske kwestjes.

Yn 2001 presintearre Bedard de njoggende jierlikse útrikkingsseremoanje fan 'e First Americans in the Arts Awards (of FAITA Awards) yn it Beverly Hilton Hotel yn Beverly Hills. Bedard is ek tige aktyf yn organisaasjes dy't it miljeu en Yndiaanske hillige plakken besykje te beskermjen tsjin "untwikkeling" en eksploitaasje. Yn 2017 sleat se foar har studio's in kontrakt mei de Katôba Yndiaanske Naasje fan Súd-Karolina foar de ûntwikkeling fan beskate media.

Priveelibben

Bedard troude yn 1993 mei sjonger Deni Wilson. Hja hawwe in soan, Quinn Wilson, dy't berne waard yn 2003. Yn novimber 2010 kaam út dat Bedard har hiele houlik lang troch Wilson seksueel misbrûkt en lichaamlik mishannele wie. Har man hie dêrnjonken beslach lein op alle jild dat se mei har aktearwurk fertsjinne en har ferbean om in rol oan te nimmen as hy dêr net mei safolle wurden tastimming foar jûn hie. Bedard en Wilson skieden yn 2012.

Filmografy

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1994Lakota Woman: Siege at Wounded KneeMary Crow Dogtillefyzjefilm; nominearre foar in Golden Globe foar bêste aktrise yn in minysearje of tillefyzjefilm
1995The MarshalMelissa Careygastrol; ôfl. Twoslip
1996Grand AvenueReynatillefyzjefilm
1996Crazy HorseSwarte Bizonfroutillefyzjefilm
1996Adventures from the Book of VirtuesMorning Light and Sharp Eyesas stimaktrise; gastrol; ôfl. Honesty
1996Adventures from the Book of Virtuesdochter fan it opperhaadas stimaktrise; gastrol; ôfl. Perseverance
1996The Real Adventures of Jonny QuestAlice Starseeras stimaktrise; weromkearende rol; 2 ôfl. Return of the Anasazi en Trouble on the Colorado
1997ProfilerMaddy Duvallgastrol; ôfl. The Sorcerer's Apprentice
1997True WomenTobetillefyzjefilm
1998Two for TexasSanatillefyzjefilm
1999Blood MoneyNaomi Listertillefyzjefilm
1999–2001Roughnecks: The Starship Troopers Chronicles   generaal Miriam Redwingas stimaktrise; weromkearende rol; 4 ôfl.
2000The Lost ChildGracetillefyzjefilm
2001The Outer LimitsCallie Whitehorse Landaugastrol; ôfl. In the Blood
2001The AgencyDiah Siagiangastrol; ôfl. The Year of Living Dangerously
2001House of MousePocahontasas stimaktrise; gastrol; ôfl. Thanks to Minnie
2003Edge of AmericaAnnie Shortytillefyzjefilm
2004What's New, Scooby-Doo?Cody Longas stimaktrise; gastrol; ôfl. New Mexico, Old Monster
2005Higglytown HeroesForest Ranger Heroas stimaktrise; gastrol; ôfl. Fran Takes a Hike/Mystery at Kip's House
2005Into the WestMargaret Light Shines Wheelerminysearje
2005Love's Long JourneyMiriam Red Hawk McClaintillefyzjefilm
2008–2009The Spectacular Spider-ManJean DeWolffas stimaktrise; weromkearende rol; 4 ôfl.
2012Young Justice: InvasionShelly Longshadowas stimaktrise; gastrol; 1 ôfl.
2012–2015LongmireMay Stillwaterweromkearende rol; 3 ôfl.
2017The MistKimi Luceroweromkearende rol; 9 ôfl.
2018WestworldWichapigastrol; ôfl. Kiksuya
2020FBI: Most WantedMary Lou Skyegastrol; 2 ôfl.
2020The StandRay Brentnerminysearje
films
1994Squanto: A Warrior's TaleNakooma
1995PocahontasPocahontasas stimaktrise
1996Navajo BluesAudrey Wyako
1997Song of HiawathaMinnehaha
19986/29Laura Cooper
1998Naturally NativeTanya Lewis
1998Smoke SignalsSuzy Song
1998Pocahontas II: Journey to a New WorldPocahontasas stimaktrise; direkt-op-fideo útbrocht
199812 BucksBabe
1999WildflowersRuby
2000Pussykat ?
2001Your GuardianKat Damon
2003ParisSandy
2003Greasewood FlatAbbey
2005Planting MelvinBillie Lawrence
2005Miracle at Sage CreekSunny
2005The New WorldNonoma (mem fan Pocahontas)
2007Cosmic RadioK.C.
2007Tortilla HeavenLiberata
2007The Red ChalkEve
2008Turok: Son of StoneCatorias stimaktrise; direkt-op-fideo útbrocht
2011The Tree of Lifeboadskipper
2011TimberwolfEleni
2013VerticalLucy Mills
2014Ron and Laura Take Back Americafrou Alma
2015Songs My Brothers Taught MeLisa Winters
2017Spreading DarknessMarci Gippolin
2018Ralph Breaks the InternetPocahontasas stimaktrise
2019The Bygonefrou Call
2019The HarbingerFloating Hawk
fideospultsjes
1995Animated Storybook: PocahontasPocahontas
fideoklips
2017Family Feudko-presidint fan 'e Feriene Steaten   nûmer fan Jay Z mei Beyoncé

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.