It ISAF-logo: کمک و همکاری (Komak va Hamkari) betsjut "Help en gearwurking".

De International Security Assistance Force ek wol ISAF is in gearwurkingsferbân fan militêre NAFO ienheden yn Afganistan. ISAF sette yn 2001 útein yn Kabûl en stiet sûnt 5 oktober 2006 noed foar hiel Afganistan. ISAF hat ta doel foar feiligens te krewearjen foar presidint Hamid Karzai.

Gearstalling ISAF

Der binne 37 lannen dy't meidogge oan de NAFO-missy (febrewaris 2007). Meiïnoar binne der likernôch 35.000 militêren. It haadkertier fan ISAF is yn 'e haadstêd Kabûl. Der binne fiif regionale kommando's

   Regio kommando  Under NAFO befel sûnt 
1Sintraal2001
2Noard2004
3West2005
4Súd1 augustus 2006
5East5 oktober 2006

Sjoch ek

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.