Inkele Hoarn | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hawónžeta | |
oare namme | Lone Horn, One Horn | |
berne | 1790 | |
berteplak | ? (Súd-Dakota) | |
stoarn | 1877 | |
stjerplak | Bear Butte (Súd-Dakota) | |
etnisiteit | Lakota-Sû (Sioux) | |
wurkpaad | ||
berop/amt | opperhaad fan de Minnikonzjû | |
jierren aktyf | ±1820 – 1877 |
Inkele Hoarn (Lakota: Hawónžeta, útspr.: [ha'wo:nʒeta]; Ingelske oersetting: Lone Horn of One Horn; Súd-Dakota, 1790 – Bear Butte (Súd-Dakota), 1877) wie in opperhaad fan 'e Minnikonzjû-substamme fan 'e Lakota-Sû (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika.
Libben
Inkele Hoarn waard yn 1790 berne yn it gebiet dat letter de Amerikaanske steat Súd-Dakota wurde soe. Syn heit wie it opperhaad Swarte Bizon, en syn mem hiet fan Wite Ko. Ald Opperhaad Smook wie syn omke oan memmekant, en de ferneamde Lakota-oarlochslieder Mâl Hynder wie syn omkesizzer.
Inkele Hoarn wie ien fan 'e opperhaden dy't yn 1868 it twadde Ferdrach fan Fort Laramie ûndertekenen, dat in ein makke oan 'e Oarloch fan Reade Wolk en de Lakota it Grutte Sû Reservaat taparte. Mei Reade Wolk, fan 'e Oglala, en Bûnte Sturt, fan 'e Brulee, reizge er yn 1875 alhiel nei it fiere Washington ta om der by presidint Ulysses S. Grant op oan te stean dat de Amerikanen de ferdraggen neikomme soene. Harren missy wie lykwols om 'e nocht, en it jiers dêrop briek de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 út, dy't einigje soe mei de definitive nederlaach fan 'e Lakota. Inkele Hoarn ferstoar yn 1877 oan natuerlike oarsaken yn 'e neite fan Bear Butte, yn Súd-Dakota.
Hy hie fjouwer soannen: Bûnte Wapity, Kromme Noas (Roman Nose; net te betiizjen mei de Sjajinske kriger mei deselde namme), Kikkert en Reitsje-de-Wolkens-Oan, dy't elk lieder fan in Minnikonzjû-troep waarden. Bûnte Wapity, net Inkele Hoarn syn biologyske soan mar in oannommen-ien, kaam yn 1890 mei hast trijehûndert oaren om by it kwea ferneamde Bloedbad fan Wounded Knee.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |