Noardwestgermaansk
algemien
taalgebietNoardwest-Jeropa
taalbesibskip
taalfamyljeYndo-Jeropeesk
  Germaansk
    Westgermaansk
      Noardwestgermaansk
        Noardwestgermaansk
skaaimerken
tiidrek1e-3e iuw
ûntstien útWestgermaansk
ûntjûn taAldfrysk
Aldingelsk

It Noardwestgermaansk, ek wol Ingveoansk, Anglo-Frysk, Ingelsk-Frysk of Noardseegermaansk neamd, is de teoretyske oertaal dêr't alle Noardwestgermaanske talen op weromgean soene. Ut dizze taal soene it Aldingelsk en it Aldfrysk fuortkommen wêze, dy't de oertalen binne fan 'e Angelsaksyske en de Fryske talen. It it lykwols mar tige de fraach oft sa'n taal wol ea echt bestien hat.

Taalkundige fisys

De measte taalkundigen binne nammentlik fan betinken dat de hiele gruttere Westgermaanske taalkloft yn elts gefal by it losbrekken fan 'e Noardgermaanske groep, om 'e fyfde iuw hinne, al út selsstannige talen bestie. Dêrtroch wurdt it yn 'e kiif steld oft it Noardwestgermaansk en sels it Westgermaansk wol ea as ôfsûnderlike talen bestien hawwe.

As der al in Noardwestgermaanske ienheidstaal bestien hat, dan soe dy dus yn in earder tiidrek sprutsen wêze moatte, mooglik fan 'e earste oant de trêde iuw. Yn elts gefal moat er datearje fan foàr de ierste oerlevering fan in Noardwestgermaanske taal (nammentlik fan it Aldingelsk) oan it begjin fan 'e achtste iuw.

Hoewol't it bestean fan sa'n taal as twifelich beskôge wurdt, bestiet der in teory dat it Proto-Germaansk útinoar fallen is yn trije ûnderskate Westgermaanske talen:

  • it Ingveoansk (of Noardseegermaansk), oftewol it Noardwestgermaansk;
  • it Istveoansk (of Wezer-Ryngermaansk), dêr't û.m. it Nederlânsk, Nederdútsk/Nedersaksysk en Middeldútsk út ûntstien binne;
  • en it Irminoansk (of Elbegermaansk), dat û.m. it Dútsk en it Jiddysk fuortbrocht hat.

Dêrfan soene it Istveoansk en it Irminoansk dan mei-inoar de Súdwestgermaanske taalgroep foarme hawwe.

Oan 'e oare kant is it sa, dat de ferskillen tusken it Noardwestgermaansk en it Súdwestgermaansk benammen op beskate taalkundige fernijings berêste, de saneamde ingveonismen, dy't yn 'e Noardwestgermaanske talen yngong fûnen en yn 'e Súdwestgermaanske net of hast net. Dêrby kinne ferskate besibbe talen tagelyk inselde taalkundich proses trochmakke hawwe, sûnder dat dêr in ienheidstaal foar nedich wie.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hofstra, T., Oudnoors I, Grins, 1996.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.