Ingelum
Westlike tagong ta it doarp
Westlike tagong ta it doarp
Polityk
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente De Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal365 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak2,19 km², wêrfan:
- lân: 2,17 km²
- wetter: 0,02 km²
Befolkingsticht.168 ynw./km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 13' N 5° 42' E
Offisjele webside
Side Ingelum
Kaart
Ingelum (Waadhoeke)
Ingelum

Ingelum is in doarp yn de gemeente De Waadhoeke, east fan Menaam.

It doarp hat 365 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis

Ut fynsten yn 'e Ingelumerterp hat bliken dien dat it plak al hiel ier bewenne waard. It fersierde diggelguod dat fûn waard wiisde út dat der foar de jiertelling al minsken wenne ha. Dêrnjonken waard ek ierdewurk út de Romeinske tiid fûn. Yn 1335 waard it doarp Anglum neamd en yn 1399 Anglim. Dy nammen hawwe faaks it ferhaal fuorre dat it plak stifte waard troch Angelsaksen en Angelenheim neamd waard. It earste diel ferwiist nei alle gedachten nei in persoansnamme en it twadde diel (-um) nei hiem.

Groustins

Eastlik fan it doarp stie eartiids de Groustins. De stins waard foar it earst yn 1446 neamd, mar wie mooglik folle âlder. Yn 1446 waard de stins belegere en ynnommen troch de Skieringers Sikke en Douwe Sjaerdama. In bekend bewenner fan de stins wie Skerne Wybe (Wibe Sjoerds fan Grovestins), de earste Fries dy't him skeare liet en dêrom dy bynamme droech. Syn heit Sjoerd fan Grovestins en Skerne Wybe waarden finzen nommen en nei Frjentsjer brocht. Hja komme nei ûnderhanneljen wer frij, mar yn 1482 waard de stins oanfallen troch Fetkeapers en Skieringers en doe waard Skerne Wybe troch in kûgel deadlik ferwûne. Healwei de 18e iuw waard de Groustins ôfbrutsen, mar de muorren wiene sa dik dat soks net goed slagge en in diel stean bleau. Earst yn 1770 waard ek de rest sloopt. Oant yn de jierren 1960 wie der in stik lân by it plak dêr't de stins stien hat en dat De Loopgraven neamd waard, in ferwizing nei de belegeringen fan de stins.[3]

Kristoffeltsjerke
Kristoffeltsjerke
De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Ingelum.

De oarspronklik oan Kristoffel wijde tsjerke fan Ingelum datearret út de 1771 en waar letter nochris fernijd, wylst de 13e iuwske toer yn de 19e iuw ommitsele waard. Op 3 maaie 1975 baarnde de tsjerke ôf. Sels de brânwacht fan it Ljouwerter fleanfjild (dy't earst spesjale tastimming ha moast om in brân bûten it fleanfjild te bestriden) koe net in soad mear úthelje. Dêrnei waard de tsjerke - mei grutte ynset fan it doarp - restaurearre, al kamen de banken en de âlde kachel der net wer yn. De tsjerke is yn 1980 wer yn gebrûk naam en wurdt no njonken tsjerketsjinsten fan de PKN-gemeente ek brûkt foar lytse konserten.

Yn de jierren 1980 waard in bysûndere tradysje weromhelle. De tsjerkeklokken bûten de wenstige tiden ek let by berte en ferstjerren. By in berte kinne âlders dat sels oanjaan, by ferstjerren wurde de klokken altyd let. Oan de klokken kin heard wurde oft it om in jonge of famke (by berte) of in man of frou (by ferstjerren) giet.

By in berte wurde de klokken fan 7.30-7.40 let. By in jonge beide klokken, by in famke de earste fiif minuten de lytse klok en de lêste fiif minuten beide klokken.

By ferstjerren liede de klokken fan 18.45 oant 18.55 oere. Ek hjir by de man beide klokken en by de frou earst allinnich de lytse klok en de lêste fiif minuten beide klokken.

Mienskip

Sicht op Ingelum, skildere yn 2006
fan in pleatslike skilderesse dy't anonym bliuwe wol

Ingelum hat sûnt 1973 in eigen doarpshûs Skerne Wibe, ferneamd nei de fetkeaper Skerne Wibe, (Wijbe Sjoerds van Grovestins). It kafee 'De nieuwe ridder van Sint Joris' waard yn it begjin fan de jierren 1970 sluten.

Ingelum docht in soad yn 'e mande mei Bitgum en Bitgummole en dy doarpen wurde dan ek gauris as trije-ienheid beskôge. De ynwenners fan de doarpen ha sûnt 1963 ek de mienskiplike doarpskrante 'Doarp en Sport'.

Tsjerke

Pastorij

Skoalle

  • Ingelum hat gjin eigen skoalle, it doarp is oanwiisd op Bitgummole.
Buorren

Ferienings

De Ingelumers diele it ferieningslibben foar in part mei Bitgum/Bitgummole en somtiden ek mei Marsum.

(Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside)

Befolkingsferrin

Jier17961840195419591964196919742004
Ynwenners157247413312278278481410
Jier201320152020
Ynwenners400391375

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)

Berne yn Ingelum

Museum It Leanbedriuw

Museum It Leanbedriuw hat in kolleksje fan sa'n tritich âlde trekkers, de âldste is fan 1928. Ek is der in ferskaat oan oar âld lânbou-ark en in pear Volvo-frachtweinen út de sechstiger en santiger jierren.

Ingelum is ek startpunt foar de alvestêdetocht foar âlde trekkers. Dy tocht wurdt yn twa dagen riden.

Strjitten

Buorren, Da Gronemanstrjitte, Feartswâl, Folkert Klazingastrjitte, Harnedyk, Marten Koopalstrjitte, Mieddyk, Nijlânsdyk, Sirtemawei, Tilledyk, Tsjerkeleane.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.