Imerkesjongerfûgels
reidimerke (Locustella naevia).
reidimerke (Locustella naevia).
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
skift:moskeftigen (Passeriformes)
ûnderskift:sjongfûgels (Passeri)
lytsskift:sjongers fan de Alde Wrâld (Sylviida)
boppefamylje:echte sjongers fan de Alde Wrâld (Sylvioidea)
famylje:imerkesjongerfûgels (Locustellidae)
Bonaparte, 1844

De imerkesjongerfûgels (Locustellidae), ek wol imerkes, strûksjongerfûgels of sprinkhoansjongerfûgels neamd, foarmje in famylje yn it skift fan de moskeftigen. Foarhinne waarden de imerkesjongers ta de grutte famylje fan de sjongers (Sylviidae) rekkene. As synonym foar Locustellidae wurdt ek wol Megaluridae brûkt. De 68 soarten imerkesjongers komme yn Jeropa, Aazje, Austraalje en Afrika foar, mei it swiertepunt yn Midden- en Súdeast-Aazje. De imerkesjongers binne lytse ûnopfallende brúneftige fûgeltsjes fan 12-20 cm, dy 't meast yn strûken of sompen tahâlde. De bekendste soarten yn Fryslân binne it reidimerke en de snilekrûper.

Klassifikaasje

De skaaien yn de famylje fan de imerkesjongerfûgels (Locustellidae) binne:

  • Skaai: (Robsonius), 3 soarten
  • Skaai: imerkesjongers (Helopsaltes), 6 soarten, oant koartlyn ta it skaai Locustella rekkene:
    • grutte imerkesjonger (Helopsaltes fasciolatus)
    • Sachalinimerkesjonger (Helopsaltes amnicola)
    • sompe-imerkesjonger (Helopsaltes pryeri)
    • Sibearyske imerkesjonger (Helopsaltes certhiola)
    • Ochotskimerkesjonger (Helopsaltes ochotensis)
    • Koreaanske imerkesjonger (Helopsaltes pleskei)
  • Skaai: strûksjongers (Locustella), 24 soarten, dêrûnder:
    • lyts reidimerke (Locustella lanceolata)
    • wekkerke (Locustella fluviatilis)
    • snilekrûper (Locustella luscinioides)
    • reidimerke (Locustella naevia)
    • Sineeske strûksjonger (Locustella tacsanowskia)
    • Baikalstrûksjonger (Locustella davidi)
    • Westhimalaja-strûksjonger (Locustella kashmirensis)
    • plakkestrûksjonger (Locustella thoracica)
  • Skaai: (Poodytes), 5 soarten
  • Skaai: (Malia), 1 soarte
  • Skaai: (Cincloramphus), 11 soarten
  • Skaai: (Megalurus), 1 soarte
  • Skaai: (Elaphrornis), 1 soarte
  • Skaai: (Schoenicola), 2 soarten
  • Skaai: (Elaphrornis), 1 soarte
  • Skaai: (Catriscus), 1 soarte
  • Skaai: (Bradypterus), 12 soarten
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.