Ikoan fan de Mem Gods fan Vladimir

In ikoan (fan it Grykske εικων, ôfbyld) is in foarstelling fan in bibelsk figuer of in hillige of meardere hilligen, dy't fral yn otterdokse tsjerken te finen binne. Ek yn de roomske tsjerken binne fakentiden wol ikoanen te sjen, mar folle minder as yn otterdokse tsjerken. Fakentiden giet it dan om in foarstelling fan Us Leaffrou fan altydduorjende Help.

De ikoan is meastentiids in op hout skildere foarstelling, mar ek fan oar materjaal kinne ikoanen makke wurde. Sa binne der bygelyks foarstellings op muorren, mozaïeken, tekstyl of sels fan byldhouwurk. Hiel faak giet it om foarstellings fan de Jongfaam Marije mei it Bern Jezus, mar it kinne likegoed oare bibelske figueren wêze of hilligen. It ôfbyld wurdt net allinnich as in yllustraasje beskôge, mar it makket diel út fan in religieus boadskip en wurdt sjoen as de fysike manifestaasje fan wa't it fertsjintwurdiget.

De wand fan ikoanen dy't it alderhillichste yn in otterdokse tsjerke ôfskermet fan de rest fan de tsjerke wurdt in ikonostaze neamd (te fergelykjen mei it doksaal dat eartiids yn westerske tsjerken it heechalter en it koer skiede fan de rest fan de tsjerke). Yn otterdokse hûshâldings hingje en/of steane yn in spesjale hoeke fan de keamer fakentiden famylje-ikoanen, fakentiden mei in baarnende oaljelampe.

Somtiden hawwe ikoanen in frame fan ealmetaal (ferguld, fersulvere of fan goud). Sa'n metalen beskerming wurdt in riza (Russysk: риза, transliterearre: riza; oersetting: "himd") of oklad (оклад, tr:. oklad; "bedutsen") neamd. De riza fan belangrike ikoanen yn tsjerken wurde fakentiden ek noch fersierd mei ealstiennen.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.