ikarusblaujurkje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Polyommatus icarus | ||||||||||||
Rottemburg, 1775 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
It ikarusblaujurkje (Polyommatus icarus) is in flintersoarte yn it skaai fan de blaujurkjes (Polyommatus).
Foarkommen
It ikarusblaujurkje is in tige algemiene stânflinter. De flinter kin fûn wurde yn greiden op diken en bjirmen. De flinter kin ferspraat oer hiel Nederlân sjoen wurde. It is in frij honkfêste soart.
Flinter
De wjuklingte is ûngefear 15 mm. De boppekant fan de wjuk is by it mantsje blau en by it wyfke brún. Soms hat dat brún in sterke blauwe bestowing, mar it komt ek foar dat der suver brune wyfkes fûn wurde. Op de ûnderkant fan de foarwjuk steane twa grutte plakken. De plakken op de ûnderkant fan de foar- en de achterwjuk binne like grut.
Fljochtiid
De flinter fljocht fan begjin maaie oant begjin oktober, foaral fan 1 oant 25 juny en fan 25 july oant 25 augustus. It ikarusblaujurkje fljocht soms yn twa of trije oerrinnende generaasjes.
Rûp
De rûp kin 15 mm lang wurde. It liif is felgrien mei in donkere griene rêchline. Der rinne wyteftige streken by de sydkant fan de rûp lâns. Hy oerwinteret as in healwaaks rûp tusken lagen planteôffal. De rûp groeit yn de neisimmer en de betide hjerst en it dêrnei kommende foarjier. De rûp ferpopket frij op de grûn.
De rûp fret fan de hopklaver en de tôchklaver.
- in wyfke
- in mantsje
- in mantsje yn flecht