Neandertalers yn it iistidenmuseum

It Iistidemuseum is in museum foar archeology en geology yn Bûtenpost, dat yn 2004 oprjochte is.

In tal archeologen mei samlingen swerfstiennen en prehistoaryske foarwerpen joegen nei de iuwwikseling de oanset foar it museum. Ein 2005 kaam der in gebou oan de Skoalstrjitte. Der is in edukative ôfdieling en der wurde lêzings hâlden. Op 4 april 2008 waard it Archeologysk Stipepunt yn it museum iepene.

It grutste part part it museum archeology en dan benammen de stientiid út de prehistoarje fan foar it begjin fan de jiertelling. Yn it museum is te sjen hoe't yn de iistiden swerfstiennen nei Noard-Nederlân komd binne. Ien fan de grutste stiennen is dy fan 80 ton út Drinte.

De skiednis jout in byld fan de prehistoarje (14.000 jier lyn) oant no. Yn de swerfstiennen sitte by tiden fraaie kristallen en fossilen. Ek de pingoruïnes krije omtinken.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.