![](../I/Iisherberch_Huyckenstein.jpg.webp)
Iisherberch Huylckenstein (tolhûs) mei tolbrêge oer de Frjentsjerter Feart, op it krúswetter fan de Boalserter Feart mei de Frjentsjerter Feart te Easterlittens. Huylckenstein is boud ± 1509 en yn 1932 sloopt
In iisherberch of wetterherberch wie in herberch dy't meastentiids op in krusing fan wetters stie en winterdeis in soad klandyzje hie fan reedriders. Der wie boerekofje te krijen en jûns klonk de fioele.
Bekend wienen De Dille (by Easterwierrum), Bartlehiem, Burdaard, Hulkenstein (Easterlittens), Abbegeasterketting, Altenburch (by Tytsjerk), Froskepôle (súdeast fan Ljouwert), Oostergo (Grou, Galamadammen (by Koudum), Aldskou (by Akkrum), Burgumerdaam en Dokkum. Yn de 20e iuw binne de measte ferdwûn.
Keppeling om utens
- Wikiwurdboek-side - iisherberch
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.