iisfûgel | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Alcedo atthis | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast |
De iisfûgel (Alcedo atthis) is in fûgel út de famylje fan de iisfûgels, en út it skift fan de rôldereftigen.
Foarkommen
De iisfûgel is in foar it meastepart opfallend blau fûgeltsje mei oranje-brune en wite ûnderdielen, en yn flinke swarte snaffel. Hy is likernôch 18 cm grut, en weacht sa'n 30-40 g, it wyfke wat mear as it mantsje.
Fersprieding
Midden- en Súd-Jeropa, Midden-, Súd en Súdeast-Aazje en Afrika. Fryslân hat alle jieren tsientallen briedpearen en in pear hûndert wintergasten. De iisfûgel hat gewoanlik hiel wat te lijen fan strange winters; in protte oerlibje dan net. Sûnt 2000 is it oantal briedpearen yn Nederlân ferdûbele oant sa'n 500-1000 yn 2014-2022[1]. De iisfûgel wurdt dêrom in Nederlând net mear als bedrige besjoun en stiet net mear op de Nederlânske Reade List fan fûgels.
Iten
De iisfûgels frette benammen fisk yn heldere, leafst rinnende wetters.
Taksonomy
De iisfûgel hat sân ûndersoarten:
- Alcedo atthis ispida - West- en Midden-Jeropa (ek Nederlân), Midden-Easten, Afrika
- Alcedo atthis atthis - Súd-Jeropa, Midden-Easten, Súdwest-Aazje
- Alcedo atthis bengalensis - Súd- en East-Aazje
- Alcedo atthis taprobana - Súd-Yndia, Sri Lanka
- Alcedo atthis floresiana - Lytse Sûnda-eilannen
- Alcedo atthis hispidoides - East-Yndonesië
- Alcedo atthis salomonensis - Solomoneilannen