In iglo is in hutte dy't makke is fan snieblokken. It wurd betsjut 'hûs' yn it inuktitut, de taal fan de Inuit.
Hoewol't iglo's stereotyp assosjearre wurde mei alle Inuit/Eskimofolken, waarden se fan âlds assosjearre mei minsken út it Sintrale Noardpoalgebiet fan Kanada en de Thule-krite fan Grienlân. Oare Eskimo's brûkten meastal snie om har huzen, dy't fan walfiskbonken en hûden boud wiene, te isolearjen. Snie wurdt brûkt om't de luchtkompartiminten dy't der yn opsletten sitte der in isolator fan meitsje. Oan de bûtenkant kin de temperatuer sa leech wêze as -45° C, mar oan de binnenkant kin de temperatuer fariearje fan -7° C oant 16° C as it allinne troch lichemswaarmte opwaarme wurdt.

Keppelingen om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.