De Iester Ryd is in feart yn de gemeente Dongeradiel. De feart rint fan Ie en westlik fan Tibben nei de Suder Ie.
Guon ûndersikers miene dat de Iester Ryd mei it noardeastlik part fan de Súd Ie ien slinke foarme dy't by Iezumasyl yn de lettere Lauwerssee streamde. It stik fan de mûning fan it Ryd nei it súdwesten soe groeven wêze en sa by de Reidswâl oansluting fûn hawwe by in slink dy't rjochting Dokkum rûn.
De namme Iester Ryd jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Eesteropvaart.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.