ierdswel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeswelfûgels (Hirundinidae)
skaaiierdswellen (Riparia)
soarte
Riparia riparia
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     wintergast
     trochtrekker

De ierdswel (Riparia riparia) is in fûgel út de famylje fan de swellen of swelfûgels.

Fryske nammen

Oare Fryske nammen foar de ierdswel binne: Gongswel, Grûnswel, Modderswel, Feale- as Skiere Swel.

Foarkommen

De ierdswel is de lytste swel dy't yn Jeropa foarkomt, hy is sa'n 13 sm lang. De fûgel hat in licht foarke sturt en hat oan de boppekant brune fearren. De ûnderkant is meast ljocht, de boarst is brún.

Ierdswel by it nêst
Aaien fan 'e ierdswel.

Fersprieding

De ierdswel komt foar yn Noard-Amearika en Jeraazje, it is in trekfûgel dy't fan maaie oant septimber yn harren briedgebiet bliuwe. De fûgels oerwinterje yn Sintraal Afrika en Súd-Amearika. ierdswellen binne meast te finen yn in iepen lânskip, by wetter. Sy meitsje harren nêst yn in steile oere. Dat sy komme meast foar by rivieriggen as sânôfgravings. De minske helpt mei it oanlizzen fan spesjale nêstwanden, bygelyks ûnder Ljouwert by de Lytse Wielen.

Iten

De ierdswel fleant by it jeien leech oer it wetter om ynsekten te fangen. De swellen kinne dêrby in snelheid fan in 50 km yn it oere helje.

Fuortplanting

De ierdswel is in koloanjebrieder. Sa as al neamd meitsje de fûgels in nêst yn in steile oere as wand fan sân as liem. Se grave in gong fan likernôch in earmlangte mei harren snaffel en poaten. It nêst oan it ein wurdt mei fearren beklaaid.
Ien as twa kear yn it jier wurde in 5 as 6 aaien troch beide âlden yn goed twa wiken útbret. De jongen wurde dêrnei troch beide âlden fersoarge oant sa'n 18 oant 23 dagen foardat se it nêst ferlitte.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.