Iepenbiering fan Elía
algemiene gegevens
auteuranonimus
taalHebriuwsk
foarmnon-fiksje
sjenrereligiosa
skreaun1e helte 1e iuw (?)

De Iepenbiering fan Elía is in algemien as apokryf beskôge religieus geskrift, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel, wêryn't in fizioen optekene is dat de ferteller neffens eigen sizzen skonken wêze soe troch in ingel fan God. It is yn twa ûnderskate ferzjes oerlevere: in fragmintaryske Koptyske kristlikenien, en in Hebriuwske joadskenien. De titel is ûntliend oan it gauris foarkommen fan 'e namme fan 'e Aldtestamintyske profeet Elía yn 'e tekst, mar der is neat dat suggerearret dat dy as skriuwer bedoeld is.

De Iepenbiering fan Elía wurdt nei ferwiisd yn ferskate ier-kristlike geskriften, en de tsjerkfaar Origenes en oaren wolle hawwe dat in passaazje út Paulus syn Earste Brief oan de Korintiërs (1 Kor. 2:9) derop basearre is. In oare tsjerkfaar, Epifanius fan Salamis, mient fierders dat ek in passaazje út it Brief oan de Efeziërs (Ef. 5:14) weromslacht op 'e Iepenbiering fan Elía. As hja dêr gelyk oan hawwe, moat de tekst dus datearje fan foar Paulus syn briefkerij, mooglik út 'e earste helte fan 'e earste iuw. De beide oerlevere ferzjes binne nei alle gedachten ûntspruten oan itselde orizjineel (wat dan de tekst west hawwe soe dy't troch Paulus yn syn brieven oanhelle waard); de Koptyske ferzje is lykwols sterk ferkristlike, wylst de Hebriuwske ferzje ynkoarte is.

Ynhâld

De Koptyske, kristlike ferzje fan 'e Iepenbiering fan Elía bestiet eins út fiif wurken dy't oarspronklik nei alle gedachten los faninoar bestien hawwe, mar dy't hjir oaninoar redigearre binne. De earste dêrfan is in traktaat oangeande fêstjen en gebed, folge troch in "profesije" oer de Alde Assyriërs, oangeande foarfallen dy't feitlik har beslach al krigen hiene doe't de tekst skreaun waard. De Assyryske kening dy't hjirby neamd wurdt, is noch net mei wissichheid identifisearre. As trêde is der in foarsizzing fan 'e komst fan in takomstige "soan fan 'e wetteleazens", dy't letter op 'e nij redigearre is troch in kristlike wurker om nei de Antykrist te ferwizen. It fjirde diel is in ferslach fan it martelderskip fan 'e Aldtestamintyske figueren Elía en Henoch, fan 'e Nijtestamintyske Tabita of Dorkas (dy't neamd wurdt yn 'e Hannelingen fan de Apostels), en fan sechstich oaren. It lêste part ferhellet oer de ferdylging fan 'e "soan fan 'e wetteleazens" nei it Lêste Oardiel, en is op 'e nij letter troch kristlike hannen werredigearre om nei de Antykrist te ferwizen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja Suzanne Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.