Ferkearstekens dy't in ienrjochtingsstrjitte oanjouwe yn de Feriene Steaten.
In ferkearsboerd yn Belgje dat oanjout dat it ferbean yn te riden is oan dy kant.

Ienrjochtingsferkear betsjut dat ferkear mar ien rjochting út gean of bewege kin of mei. In ienrjochtingsstrjitte is in strjitte dy't ûntwurpen is foar ferkear dy't ien rjochting út mei. Ienrjochtingsstrjitten hawwe yn it algemien in bettere ferkearsstreaming om't bestjoerders gjin tsjinlizzers temjitte komme. It neidiel is dat der gauris in rûnte makke wurde moat om ta in bestimming komme te kinne. Guon ûndersiken hawwe sjen litten dat soks sels ta hegere faasjes late kin.

Bebuording

Nederlân

Dútslân

Feriene Steaten

Tapassing

Oersicht fan in ienrjochtingssysteem
Ienrjochtingsstrjitten yn Schwerin, Dútslân

Ienrjochtingsstrjitten kinne part fan in systeem fan ienrjochtingsferkear wêze om in bettere ferkearsstreaming te krijen. Yn in soad binnenstêden yn de Feriene Steaten, dy't yn in foarm fan in roaster boud waarden en de strjitten rjocht binne, binne de measte strjitten ienrjochtingsstrjitten. Dêr is in systeem geande dêr't allinnich mar rjochts ôfslein wurde kin.

Guon redens wêrom't ienrjochtsferkear tapast wurdt:

  • De strjitte is te smel foar ferkear yn beide rjochtingen.
  • Om tefoaren te kommen of te mismoedigjen dat bestjoerders troch wenwiken ride om ferkearsljochten te mijen.
  • Part fan in dûbele rydbaan is, dêr't de iene rydbaan (gauris mei meardere rydstripen) ornearre is foar ferkear foar ien rjochting, en de oare rydbaan foar ferkear dy't de oare kant op moat.
  • As part fan in parkearring.
  • Om ferkear del te bêdzjen, benammen yn âlde binnenstêden.
  • Om lofts ôfslaan, dêr't rjochttrochgeande tsjinlizzers krúst wurde moat, te mijen.
  • De ferkearsstreaming flugger rinne te litten en opstoppings tefoaren te kommen op plakken dêr't it wider meitsjen fan de dyk net mooglik is.
  • It makliker meitsjen fan fuotgongers, dat wannear't hja de dyk oerstekke moatte, mar nei ien rjochting hoege op te letten.

Foar fuotgongers

In hege draaihikke

Der is ek ienrjochtingsferkear dat op fuotgongers fan tapassing is, lykas:

  • In rôltrep
  • In doar dy't mar oan ien kant te ûntskoatteljen is.
  • Draaihikken
  • Op fleanfjilden troch de dûane hinne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.