Ids Willemsma | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ids Willemsma | |
berne | 8 augustus 1949 | |
berteplak | Akkrum | |
wurkpaad | ||
bekendste wurk(en) | It Timpeltsje fan Ids | |
jierren aktyf | sûnt 1970 |
Ids Willemsma (Akkrum, 8 augustus 1949) is in Frysk byldhouwer en tekener.
Jonkheid
Ids Willemsma is hikke en tein yn Akkrum. Hy wie ien fan de middelsten yn in húshâlding mei seis bern. [1] Syn mem wie kleanmakker en altyd warber en kreatyf mei breidpriemmen. Syn heit wie reedmakker yn Akkrum. Hy wie de lêste eigener fan reedfabryk Ruiter. Ids syn broers en susters mochten nei de ulo of de hbs, mar heit woe him yn it fabryk. Op syn njoggende jier rjochte er al reedizerkes, sleepte mei bakken gasoalje en benzine om en makke it fabryk skjin. Hy woe lykwols altyd nei bûten, nei de boer, de hynders, geiten en de fûgels. Nei de legere skoalle, dêr’t er in hekel oan skoalmaster krige, gie er nei de ambachtsskoalle op It Hearrenfean. Dêr ûntduts hy dat hy goed yn sport wie. Sport hat altyd in wichtich ûnderdiel fan syn libben west. Om syn sechtjinde hinne hat er as lid fan AV’55 noardlik reservekampioen op de 1500 meter hurdrinnen west en stie doe boppe oan de list fan bêsten fan Fryslân. Letter ried er de Alvestêdetocht op redens en op de Alvestêdetocht op de Fyts en peddele er mei de kano troch Fryslân. Nei de ambachskoalle die er de oplieding Smecoma: ‘Smederij, Constructie en Machinebouw’. Yn 1969 waard er mei betingsten talitten oan de Keunstakadeemje 'Vredeman de Vries' yn Ljouwert, mar hy moast ekstra fakken folgje omdat er net genôch foaroplieding hie. Trije jier letter slagge hy oan de keunstakadeemje, mar hy soe letter ferklearje dat hy mear fan in skyldpod learde as fan syn learmasters.
Earste wurken
Yn it twadde jier fan de oplieding ferskynde in de oprop yn "Het Klaverblad" foar in oarlochsmonumint yn Akkrum. It skaalûntwerp mei heakske hoeken gie oer ‘jin oprjochtsje’. Syn hurdrintrener sei altyd tsjin him: Hou je haaks. In ûntwerp dat plat is, is dea. Libje is rjochtop.’ Syn winnende ûntwerp foar it fersetsmonumint wie in konstellaasje fan heaks op inoar steande stielplaten yn in ûnderling tige ûnregelmjittige posysje. It yn inoar sakke heakekrús wie net sasear in monumint foar de fersetshelden, mar in monumint tsjin de nazi's.[2] Ien fan syn earste keunstwurken wie 'Pythagoras' (1968). It berekkenjen docht er op de âlderwetske manier. Hy wit as technikus de kerfslachwearde en de lûksterkte fan de stielsoarte. Stielsoarten hiene as bern al syn oandacht: 'It moat mei dy redens te meitsjen hawwe, dêr’t ik tusken berne bin'.[3] Letter ûntwikkele er noch in houten klapreed en in bernereed, mar dy beide ûntwerpen binne net yn produksje gien. [4]
Keunstwurken
Lykas yn it reedfabryk wurket hy mei izer en stiel. Ids Willemsma is gjin byldhouwer, mar in konstrukteur. Hy brûkt meastentiids platen stiel fan sa likernôch 2000 by 500 milimeter fan trije oant seis milimeter dikte. Ids tinkt lang nei oer ûntwerpen. Nei it sketsen tekenet er de mooglikheden út en makket er modellen op skaal. Dêrnei kiest er foar ien fan de mooglikheden. Troch skowen, knippen, snijbrânen en laskjen fan de platen, waaiert er se út, kantelet se en slacht se út as objekten mei in skaad of spegeling.
Syn byldbepalende keunstwurken yn de iepenbiere romte Fryslân falle op troch harren grutte. Mar hy joech ek hûnderten lytsere keunstwurkjes dy’t er kado joech oan kunde, bygelyks by in jubileum, in jierdei of samar. Yn de tentoanstelling 'IDS! sjen sjoch sjoen’ waarden yn 2019 by Tresoar hûndert skaalmodellen fan sokke kadokeunst toand fan syn byldbepalende wurken. Sûnt 1971 eksposearre hy op ferskate plakken yn Nederlân, lykas it Dordrechts museum, it Amstelpark yn Amsterdam en it Frysk Museum yn Ljouwert. Hy makke wurk yn opdracht foar ferskate gemeenten en bedriuwen. Yn 2010 waard de Stichting Ids Willemsma oprjochte om it erfgoed fan de keunstner te dokumintearjen en foar de neiteam te bewarjen.
Willemsma hat as fjildman in soad omtinken foar de natoer, en sjocht benammen nei fûgels. Om ’e doar hat er in grientetúntsje en hy fokt hinnen, de Fryske blauwen.[5] Yn syn keunst komme fûgels gauris werom.
Argewaasje
Syn bylden joegen gauris argewaasje.
- Sa hied er twa stielen deadskisten dy't ûngelikens fan hichte en breedte wiene: in manlike en in froulike kiste. Dêrmei woe hy de manlike en de froulike foarm elemintêr stal jaan. Fan B&W fan Emmen mochten dy net yn de iepenbiere tagongsromte ta it riedshûs útstald wurde.
- Yn de Ljouwerter nijbouwyk klommen bern op de skerpe, hoekige konstruksje. Se hellen dêrmei harren, fuotten en troanjes iepen. Doe’t se dêrmei yn de krante kamen lokke dat ynstjoerde brieven út.
- By gelegenheid fan it Frysk Festival fan 1980 reizge Willemsma mei in knalreade kontener mei kowedong troch Fryslân. Dêrmei makke er op ferskate plakken ’grêfheuvels' fan dong. De dongbulten rôpen troch de rook in soad krtityk fan omwenjenden op.
- Yn 1985 hong er op it Amelanner strân in stielen rak fol mei 500 âlde linker klompen. De rjochter klompen krigen in pûnskaartsje mei it adres fan de keunstner en waarden doe 'yllegaal' yn de see dumpt. Willemsma krige 300 fan de 500 klompen weromstjoerd. Noch jierren letter krige er brieven fan minsken dy’t in oanspielde klompe fûn hiene.
- By syn 'jirpelprojekt' brocht er in groet oan wrâldboargers. Hy brûkte dêrfoar jirpels omdat jirpels wat ierdsk en wat wêzentliks fan Fryslân binne. By Aldebiltsyl sette er jirpels fan it ras 'De Frieslander' yn de foarm fan twa 60 meter lange en fjouwer meter brede redens. As maratonrider stjoerde hy as groet in sek mei dy jirpels nei Europeeske reedriders waans namme in bân mei Fryslân hiene, of waans namme mei ‘Fr’ begûn. Ta de ûntfangers hearden de Switser Feigenwinter en de Eastenriker Falck. Frânske riders waarden útsluten fanwege de Frânske kearnproeven. By de 25 sekken jirpels siet in gebrûksoanwizing oer hoe’t de jirpels ferboud wurde moatte (hoe djip en hoe fier út elkoar) yn it Frysk en yn de memmetaal fan de ûntfanger. De Fryske miljeufreonlike jirpels mochten opiten wurde, mar leaver seach Willemsma dat se wer opnij setten waarden, om sa syn groet te fermannichfâldigjen. [6]
Arsjitekt
Op it mêd fan arsjitektuer ûntwurp Willemsma in tal monumintale gebouwen, lykas syn eigen wenhûs en loads yn Easterwierrum. Boppedat makke er it ûntwerpen foar in hûs yn Dunegea en in pleats yn Sint Nyk. Foar de pleats yn Sint Nyk naam er in tal histoaryske eleminten op, lykas de molkenkelder en in tal âlde beammen.[7] By sûn ûntwerpen brûkt er gauris trijehoeken en fjouwerkanten as basisfoarm.
Sile
Oan de ein fan de tweintichste iuw waarden de earste boerepreammen yn eare hersteld, benammen troch Sjerp de Vries en Ids Willemsma. Beide hiene dêrfoar ek wol yn GWS-skouwen hurdsyld. De oandacht foar preammen late yn 1996 ta de Stichting "De Fryske Boerepream", dy’t de klassefoarskriften fêststelde.[8] Willemsma syn restaurearre sylpream 'De Gersker' waard brûkt foar in skipsmodel fan in Terhernster pream. Dat model wurdt bewarre yn it Frysk Skipfeartmuseum. [9] Yn 2008 boude hy it Fryske 'Eineraai' ôf foar himsels.[10]
Gedichten
By de ûntbleating fan syn wurken heart gauris in gedicht.[11] By syn wurk 'Skip mei lading’ op De Jouwer is sa’n bypassend gedicht útsnien yn in stielen plaat. Yn 1988 ferskynde Buorman Dada en oare gedichten yn in rûch houten kassette mei ynbaarnde sinjatuer (IDS) mei dêryn in boekje mei 15 siden en in CD. (ISBN 978-9071348136)
Wurken yn de iepenbiere romte (seleksje)
Setten | Omskriuwing | Strjitte | Plak | Materiaal | Ofbyld |
---|---|---|---|---|---|
1970 | Untwrakseling | Heechein | Akkrum | stiel | |
1970 | Utkommende blom | Hynstedreef 37 | Noardwâlde | stiel | |
1973 | Groeiproses | Lariksstrjitte/Abeelstrjitte | Ljouwert | cortenstiel | |
1973 | Flerken | Gerrit van der Veenlaan | Drachten | stiel | |
1976 | Fûgeleftich | Leiester Hegedyk | Ljouwert | stiel | |
1979 | De Opgeande Rige-1 | Wythústerwei 15, Waling Dykstrapark | Ljouwert | cortenstiel | |
1979 | De Opgeande Rige-2 | Wythústerwei, Waling Dykstrapark | Ljouwert | cortenstiel en beton | |
1981 | It Each fan Stiens | Lege Hearewei / Breedyk | Stiens | stiel | |
1984 | Sûnder titel | Omrop Fryslân, Suderkrúswei 2 | Ljouwert | cortenstiel | |
1986 | Blauwe Peal | Pieter Stuyvesantwei | Ljouwert | stiel | |
1987 | Sûnder titel | P.J. Troelstraleane | It Hearrenfean | stiel | |
1987 | 'Koai' | Twibaksmerk/Alde Easterstrjitte | Ljouwert | stiel | |
1988 | Fersetsmonumint | Boppe-ein / Tsjerkewei | De Like | stiel | |
1989 | Dei- en Nachtbyld | NUON, Kammingabuorren, Groustins/ Melkemastate | Ljouwert | stiel en neon | |
1990 | Brêge foar de fûgels | Kommisjewei | De Pein | stiel | |
1990 | Tagongsstek | Leiester Hegedyk | Alde Leie | stiel | |
1990 | De Pylk | Weibuorren | Oerterp | stiel | |
1993 | It Timpeltsje fan Ids | Seedyk | Marrum | stiel en klaai | |
1992 | Rotondebyld Archipelwei | Archipelwei / Insulindestrjitte | Ljouwert | stiel | |
1994 | De Bôge | De Drift | Drachten | stiel | |
1995 | Wetterweagen | Gossepeallen/Gudsekop | Snits | stiel | |
1996 | Grêfmonumint foar Johan Wielsma | tsjerkhôf Sint-Vitustsjerke | Stiens | stiel | |
1996 | Grêfmonumint foar Bouwe Jans de Vries | tsjerkhôf Sint-Vitustsjerke | Stiens | stiel | |
1996 | De Stap | Harnzerwei | Frjentsjer | stiel | |
1996 | Kikkert mei helder sicht op helikopterperspektyf | Tsjerkestrjitte | Ternaard | stiel | |
1998 | Groei | Himdyk, Bogerman Kolleezje | Snits | stiel | |
1999 | De Brêge | brêge oer it Oranjekanaal |
Schoonoord | stiel | |
2000 | It Each | langs N354 | Spannenburch | stiel | |
2001 | Sûnder titel | Aak 1 | Stiens | rustfrij stiel | |
2001 | Lofthikke | Ropsterwei 5 | Easternijtsjerk | stiel | |
2003 | Sûnder titel | ’t Omnium, Dockinga Kolleezje, Parkleane 3 | Dokkum | stiel | |
2003 | De Ynfeart | De Ynfeart | It Hearrenfean | stiel | |
2003 | 'Hikke' | Doarpsstrjitte 1 | Easterwierrum | stiel | |
2004 | Ielkearen | De Burd | Heech | stiel | |
2004 | Utsjochpunt Weperbult | Weperbult | Easterwâlde | stiel | |
2005 | Van Baerdt van Sminiabank | Om'e toer | Akkrum | stiel | |
2006 | Rekreätive Oerkaping yn Moddergat | Seedyk | Moddergat | stiel | |
2006 | Rekreätive Oerkaping yn Nes | Foarstrjitte | Nes | stiel | |
2007 | Skip mei lading | Roazebosk | De Jouwer | stiel | |
2009 | Nasjonaal Binnenfeartmonumint | Skoklân | Emmeloard | stiel | |
2010 | Tagongspoarte fan slottún Riis | Frêle Van Swinderenstrjitte | Riis | stiel | |
2010 | Krusende Flerken | Noardwâl | Vollenhove | stiel | |
2014 | Earbetoan oan Foekje Dillema | Sportpark Nijlân, Middelseeleane | Ljouwert | cortenstiel | |
2014 | De Sipel | Spoorstrjitte / St.Janswei | Deinum | cortenstiel | |
2016 | Earbetoan oan Hindrik Bulthuis | Bulthuis Akwadukt | Burgum | cortenstiel | |
Oer Ids Willemsma en syn wurk
- Ids Willemsma - tekst: Pieter de Groot, Rudy Hodel, Doeke Sijens; (2012) útjouwerij Waanders & de Kunst, Wezep; Ned./Frysk, 192 siden; ISBN 9789491196232
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ids Willemsma fan Wikimedia Commons. |