Ibearyske lynks
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftrôfdieren (Carnivora)
famyljekateftigen (Felidae)
skaailynksen (Lynx)
soarte
Lynx pardinus
Temminck, 1827
IUCN-status: krityk
ferspriedingsgebiet
It ferspriedingsgebiet fan 'e Ibearyske lynks yn 1980.

It ferspriedingsgebiet fan 'e Ibearyske lynks yn 2003.

De Ibearyske lynks (Latynske namme: Lynx pardinus), ek wol de Spaanske lynks of de pardellynks neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en it skaai fan 'e lynksen (Lynx), dat lânseigen is op it Ibearysk Skiereilân. Dit is de seldsumste fan 'e fjouwer lynksesoarten, mei it lytste ferspriedingsgebiet. De Ibearyske lynks waard foarhinne as in ûndersoarte fan 'e Jeraziatyske lynks (Lynx lynx) beskôge, mar is no erkend as in aparte soarte. It is in bist dat him spesjalisearre hat yn 'e jacht op kninen, en grutte muoite hat om syn dieet oan te passen. Troch twa sykten dy't de kninestân yn Spanje desimearre hawwe, mei dêropta ferlies fan habitat fanwegen ferkringing troch de minske, is de Ibearyske lynks sadwaande sûnt de 1950-er jierren sterk yn 'e nederklits rekke, mei as gefolch dat syn tastân no as krityk beskôge wurdt.

Fersprieding

De Ibearyske lynks is lânseigen op it Ibearysk Skiereilân. Hoewol't dit bist yn 1980 noch yn fragmintaryske populaasjes foarkaam fan Astuerje, yn noardlik Spanje, oant Andalúsje, yn súdlik Spanje, mei dêropta populaasjes yn eastlik en benammen súdlik Portegal, binne der hjoed de dei noch mar in trijetal populaasjes. De wichtichsten dêrfan binne dy yn it Nasjonaal Park Doñana, oan 'e Atlantyske kust fan súdwestlik Andalúsje, en dy yn 'e Sierra de Andújar, yn 'e provinsje Jaén, yn noardlik Andalúsje, tsjin 'e grins mei Kastylje-La Mansja oan. Yn 2007 waard noch in trêde, earder ûnbekende, populaasje fan likernôch 15 eksimplaren ûntdutsen yn Kastylje-La Mansja, yn sintraal Spanje. Yn Portegal komt de Ibearyske lynks noch sporadysk foar, mar is net mear sprake fan in him fuortplantsjende populaasje.

Uterlike skaaimerken

De Ibearyske lynks hat trochinoar in kop-romplingte fan 85-110 sm, mei in sturtlingte fan 12-30 sm en in skouderhichte fan 60-70 sm. De mantsjes weagje trochinoar 12,9 kg, en de wyfkes 9,4 kg. Dêrmei is de Ibearyske lynks likernôch heal sa grut en heal sa swier as syn noardliker libjende sibbe, de Jeraziatyske lynks (Lynx lynx). Krekt as dat by oare lynksesoarten it gefal is, binne de poaten by de Ibearyske lynks lang yn ferhâlding ta de lichemsgrutte. Teffens hat dit bist de bekende toefte earen en 'halskraach' fan alle lynksen. Oars as de Jeraziatyske lynks hat de Ibearyske lynks in lichte pels (in oanpassing oan it waarmere klimaat op it Ibearysk Skiereilân) dy't ornaris ljochtbrunich is mei swarte plakken derop dy't foar kamûflaazje tsjinje. By guon fan 'e westlikste populaasjes misten de swarte plakken, mar sokke Ibearyske lynksen binne no útstoarn.

De Ibearyske lynks fan tichteby.

Biotoop

De Ibearyske lynks jout de foarkar oan iepen greidlân ôfwiksele mei ticht strewelleguod fan ierdbeibeamkes, mastykbeamkes en jeneverbeibeamkes, en beammen lykas de iik en de koarkiik. Dêrmei wykt er ôf fan 'e Jeraziatyske lynks, dat in boskbewenner is.

Hâlden en dragen

Ibearyske lynksen ûnderhâlde in territoarium fan 10-20 km², ôfhinklik fan hoefolle proaidieren oft der beskikber binne. It territoarium wurdt markearre mei urine, kjitte en klaumarkearrings dy't ynkurven wurde yn 'e bast fan beammen. In libbensfetbere, him fuortplantsjende populaasje fan 50 eksimplaren hat ferlet fan in gebiet fan teminsten 500 km². De Ibearyske lynks is in solitêr libjend bist, dat yn folwoeksen steat eins inkeld de minske as natuerlike fijân hat. Hy jaget troch syn proaien te beslûpen of troch yn in mûklaach te wachtsjen oant syn proai tichternôch by komt en dan ynienen ta te slaan. Konkurrinten foar itselde soarte fretten binne de foks (Vulpes vulpes), de Egyptyske ichneumon (Herpestes ichneumon) (in mangoestesoarte) en de Jeropeeske wylde kat (Felis silvestris silvestris).

De peartiid falt foar de Ibearyske lynks yn 'e regel yn jannewaris en febrewaris, hoewol't sporadyske pearings dêrnei noch plakfine kinne oant yn july. Nei in draachtiid fan likernôch twa moanne smyt it wyfke dan yn maart of april (mei in útrinperioade oant yn septimber) in nêst fan 2-3 of selden 4-5 jongen, dy't by de berte 200-250 g weagje. As se 30-60 dagen âld binne, wurde de jongen agressyf foarinoar oer, en it is gjin útsûndering dat in jong syn nêstgenoat deadet yn in fûleindich gefjocht. It is de wittenskip noch altyd in riedsel wêrom't soks bard en hokker evolúsjonêr nut oft it hat. Dizze agressive perioade berikt syn hichtepunt 45 dagen nei de berte, en belunet 60 dagen nei de berte folslein. Yn finzenskip wurde dêrom de jongen út ien nêst apart holden oant se 60 dagen âld binne. Mei 7-10 moanne kinne de jongen selsstannich oerlibje, mar se bliuwe ornaris by de mem oant se in jier en acht moanne âld binne.

In Ibearyske lynks yn it Nasjonaal Park Doñana.

Yn it wyld binne sawol de mantsjes as de wyfkes mei ien jier geslachtsryp, mar yn 'e praktyk nimme se mar selden diel oan 'e fuortplanting oant se in eigen territoarium fêstige hawwe. Om't der mar sa'n bytsje gaadlik terrein foar de Ibearyske lynks beskikber is, moatte de jongen faak wachtsje oant der in besteand territoarium fakant rekket. Fan ien wyfke is bekend dat se pas oan 'e fuortplanting dielnaam doe't se fiif jier âld wie en se by de dea fan har mem dy har territoarium 'urf'. Dêrnjonken hat de Ibearyske lynks ek mei yntylt te krijen, wat feroarsake wurdt troch syn lytse populaasjes en fersnipele fersprieding. De libbensferwachting yn it wyld bedraacht foar Ibearyske lynksen 13 jier.

Fretten

De Ibearyske lynks hat him folslein talein op 'e jacht op kninen. Syn menu bestiet foar 79-87% út 'e wylde knyn (Oryctolagus cuniculus), foar 5,9% út 'e Ibearyske hazze of Granadahazze (Lepus granatensis) en foar 3,2% út kjifdieren. Sporadysk wurde ek oare bisten fretten, lykas ynsekte-iters, fûgels, reptilen en amfibyen, en hiel soms in deim (Dama dama) of in ree (Capreolus capreolus). In mantsjelynks fret ien knyn deis, wylst in wyfke mei jongen trije kninen deis nedich is. Ibearyske lynksen hawwe grutte muoite om harren dieet oan te passen as der gjin of fierstente min kninen beskikber binne, sa't fan 'e 1950-er jierren ôf op it Ibearysk Skiereilân it gefal wie troch tadwaan fan twa sykten, myksomatoaze en RHD (rabbit haemorrhagic disease; "kninebloedfloeien").

De populaasje fan 'e Ibearyske lynks sûnt 1950.

Status

De Ibearyske lynks hat de IUCN-status fan "krityk", mei't er sterk ôfhinklik is fan 'e populaasje wylde kninen, dy't sûnt de 1950-er jierren op it Ibearysk Skiereilân sterk yn it neigean rekke is troch twa sykten. Yn 1952 waard troch in dokter mei opsetsin myksomatoaze yn Frankryk yntrodusearre, wêrnei't dy krupsje him oer de Pyreneeën nei Spanje en Portegal fersprate. En yn 1988 kaam dêr noch in oanhâldende besmetting mei RHD (rabbit haemorrhagic disease; "kninebloedfloeien") boppe-op, wêrfan't yn 2011 en 2012 noch twa grutte útbraken plakfûnen.

Sadwaande is de Ibearyske lynks no de slimst bedrige kateftige fan 'e wrâld, mei neffens in skatting út 2008 99 oant 158 eksimplaren yn it wyld. As de Ibearyske lynks komt út te stjerren, soed er de earste kateftige wêze dy't dat oerkaam sûnt Smilodon populator, de lêste fan 'e sabeltigers, 10.000 jier lyn. Sawol yn Spanje as yn Portegal dogge oerheidsynstânsjes en partikuliere organisaasjes war om dizze lynksesoarte foar dat lot te behoedzjen. Begjin 2013 waard de Ibearyske lynks reyntrodusearre yn Embalse de Guadalmellato, mei as resultaat in nije populaasje fan 23 bisten. Oare reyntroduksjes fûnen plak by Guarrizas en Campanarios de Azaba. Yn april 2013 wie de populaasje Ibearyske lynksen yn Andalúsje (dy't yn 2002 noch mar 94 bedroech) wer oanwoeksen ta 309 eksimplaren.

Yn 2019 waard bekend dat in yngeand beskermingsprogramma fan 'e Spaanske oerheid fertuten die, en dat der doe 686 Ibearyske lynksen yn it wyld foarkamen. Dy waarden synjalearre oant fier bûten Andalûsje. Neffens de Spaanske krante El País hie it beskermingsprogramma oant maaie 2019 likernôch 100 miljoen koste. Dat jild wie û.m. útjûn oan 'e oankeap fan fjouwer spesjale fokdomeinen en de oanskaf fan 60.000 sûne kninen dy't yn it wyld útset wiene om 'e lynksen ta iten te tsjinjen. Doe't dy sifers yn Spanje buorkundich waarden, briek der opskuor út oer de hege kosten yn in tiid dat ien op 'e fiif minsken yn Andalûsje wurkleas wie. In kommentator yn El País skreau: "Mei in miljoen wurkleazen en oaren dy't oan 'e ein fan 'e moanne amper de rekkens betelje kinne, jouwe we miljoenen út foar de rêding fan [...] in pear hûndert lynksen." Biolooch Miguel André Simón, dy't oan it haad fan it rêdingsprogramma stie, reägearre op dy minachtsjende útlittings troch derop te wizen dat it net om 'e rêding fan "in pear hûndert lynksen" gie, mar fan in hiele soarte dy't oars útstoarn wêze soe, en dy't boppedat in essinsjeel ûnderdiel útmakke fan it Spaanske nasjonale erfgoed.[1]

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ——, Redding lynx à 100 miljoen euro leidt tot discussie in Spanje, yn: de Ljouwerter Krante, 19 maaie 2019, s. 10.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.