It ISSN of folút it International Standard Serial Number ("Ynternasjonaal Standertsearjenûmer") is in unike identifikaasjekoade dy't takend wurdt oan periodike publikaasjes, lykas papierrene tydskriften en kranten, mar ek elektroanyske tydskriften (online, op diskette, cd-rom, ensfh.), en fierders periodike publikaasjes op audio- of fideokassette, op mikrofysjes en yn braille. Op papierrene blêden stiet it ISSN fermeld by de streepkeskoade op 'e omlach en/of fan binnen by it kolofon. In ISSN bestiet út twa groepen fan fjouwer sifers, dy't faninoar skaat wurde troch in keppelstreekje. It lêste sifer, dat in saneamd kontrôlesifer is, kin ek in letter X wêze (dus bgl. "ISSN 1234-1234" of "ISSN 1234-567X"). Oars as de ISBN-koade dy't boeken tawiisd krije, wurde der yn in ISSN-koade gjin bysûnderheden ynkodearre; it ISSN is inkeld in identifikaasjenûmer.

It ISSN-systeem waard fêstlein yn 'e ISO 3297-standert, dy't publisearre waard yn 1975. ISSN-koades wurde per lân útrikt troch nasjonale ynstânsjes, of, as it om ynternasjonale publikaasjes giet, streekrjocht troch it ISSN Ynternasjonaal Sintrum yn Parys. Dat sintrum hâldt in databank by wêryn't alle útrikte ISSN-koades kombinearre wurde mei de korrekte titel, útjouwer, frekwinsje fan útjefte, perioade fan ferskinen (fan hokker jier oant hokker jier) en eventuële titelwizigings. By it feroarjen fan 'e namme fan 'e publikaasje moat der nammentlik in nij ISSN oanfrege wurde, mar yn 'e ISSN-databank wurdt dan fêstlein hokker publikaasje oft in fuortsetting fan hokker oare publikaasje is. Wrâldwiid binne der mear as 1 miljoen ISSN-koades takend, en elts jier komme dêr likernôch 50.000 by. Yn Nederlân binne der sa'n 32.000 yn omrin.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.