In hypoteze (fan it Gryksk: υπόθεση 'upotese' dat ûnderstelling betsjut) is yn de wittenskip in stelling dy't (noch) net bewiisd is en tsjinnet as begjinpunt fan in teory, in ferklearring of wat dêrfan ôflaat is.
It is mooglik in hiele protte oanwizings te sammeljen dy't hypoteze stypje, mar ien negatyf útfallend eksperimint is al genôch om de hypoteze te ûntkrêftsjen. Neffens guons as Karl Popper moat in wittenskiplike hypoteze dêrom falsifiearber wêze: der moatte eksperiminten te betinken wêze dy't de hypoteze ûnderút helje soenen as de útkomsten fan dat eksperimint yn striid binne mei de hypoteze. Foar in hiele protte hypotezes is de wittenskip net fier genôch om troch eksperiminten folslein útslútsel te jaan oer it wierheidshalte fan te sluten de hypotezen.
De 'nulhypoteze' yn de statistyk is in ûnderstelling oer (ien as mear parameters fan) in kânsferdieling, dêr't de wierheid fan betwifele wurdt. Troch it dwaan fan in statistyske toets wurdt de krektens ûndersocht mei help fan statistyske gegevens yn de foarm fan in stekproef.
It wurd hypoteze wurdt ek brûkt yn de betsjutting fan 'ûnderstelling, oannimlik'.
Sjoch ek
- Wittenskiplike metoade
- Wittenskiplik bewiis